
Byldzjend keunstner, dichter en (toaniel)skriuwer Wilco Berga fan Harns is ek al hiel lang warber as liettekstskriuwer. Foar Douwe Heeringa sette er yn 1989 al sjansons fan Jacques Brel oer yn it Frysk, mar hy skriuwt ek oarspronklike lieten. It koartlyn ferskynde album Dagen dûnsje foarby is syn twadde ‘solo’-cd.
Earst en meast tekstskriuwer
Behalve krektneamde Douwe Heeringa binne it fierder oars ek net de minsten, oan wa’t Wilco Berga lietteksten levere hat. Sa holp er Reboelje oan it repertoire foar de rockopera Gysbert Gysbert (2003) en Tet Rozendal oan lietmateriaal foar har teaterprogramma It Wûnder út ’e Wâlden (2011).
Ik sette hjirboppe it wurd solo tusken skrapkes, want it slacht foaral op ’e teksten fan de twa cd’s dy’t oan no ta fan Wilco Berga ferskynd binne. ‘Syn’ debútalbum Sjonger en Dichter makke er yn 1998 tegearre mei de sjonger-lietsjesskriuwer Ernst Langhout fan Gau, dy’t op dat album haadferantwurdlik wie foar de muzikale ynfolling. Hy kleure Berga syn teksten en foardrachten yn mei syn tolvesnarige gitaar en mûlharmoanika en liet, om it gehiel noch sfearfoller te meitsjen, yn guon nûmers bayanspiler Foppe Jacobi en trombonist/trompettist Arend Huisman opdrave. Nei myn betinken is Sjonger en Dichter, om ’e kombinaasje fan ’e sterke teksten en ’e sfearfolle muzyk, noch altyd ien fan ’e bêste Frysktalige albums út ’e foarige ieu.
’Foarbaksels’
In jiermannich lyn fette Wilco Berga it plan op, om sels ek ris muzyk by syn lietteksten te meitsjen. Mei help fan ’e ‘Garageband’ op ’e nije kompjûter dy’t er oantúgd hie, kaam it sels komponearjen, sa’t er it yn it boekje by de cd formulearret: ‘hiel tichteby’. In jier letter hie er in stikmannich muzyknûmers mei ynsprutsen tekst yn ’e kompjûter te stean. Sa koe er muzikanten hearre litte hoe’t er de muzyk foar syn nije cd ‘yn ’e holle’ hie, wat tempo, meldij en ynstrumintebesetting oanbelange, want hy woe alles troch échte, libbene, muzikanten op échte ynstruminten ynspylje litte! Dy muzikanten moasten dus koarte metten meitsje mei Berga syn kompjûterpartijen.
Op sa’n wize rekken de folgjende ynstrumintalisten oan ’e slach mei Berga syn ‘foarbaksels’: Campbell Forbes (basgitaar), Lesley Joosten (dwersfluit), Geppy Haarsma (akkordeon), Hein Jaap Hilarides (piano), Anne-Arjen Blanksma (mûlharmoanika en gitaren), Ruben Mulder (piano en Hammond/Leslie) en Marcello Roosenstein (gitaren). En dan wie der noch fokale stipe foar Wilco Berga yn ’e persoan fan sjongeres Maaike Kampen.
Oare ferzjes
Om’t Berga fan syn keunst bestean moat en yn syn ‘Atelier BB aansee’ oan ’e Suderhaven 39 te Harns oanrin hat fan net-Frysktalige kultuertoeristen, hat er de skiif in Hollânske ûndertitel, Dagen dansen voorbij, meijûn en hawwe alle teksten in dito oersetting.
It album binne alve nûmers op te hearren. Twa stikken binne ûnder deselde titel, mar yn in hiel oare ferzje, werom te finen op eardere lûddragers. Dat binne ‘Myn eilân’, dat yn ’e fertolking fan Joop Veenstra & Kombo Peter van der Zwaag (dy’t ek de muzyk skreaun hat) werom te finen is op ’e cd De bêste fan Omrop Fryslân, diel 2 (1993), en ‘Do leafde’, dat earder fêstlein is troch de groep Swee op harren debútalbum Lok (2006). De taal fan Berga syn wenplak Harns is ek te hearren op Dagen dûnsje foarby. It Harnzersk hat er brûkt foar twa oersettings fan lieten fan Jacques Brel. Dy syn ‘Ne me quitte pas’ waard ‘Gaan nyt sumar wech’ en Brel syn ‘Le plat pays’ waard ‘Ut flakke laan’.
As dichtbondel lêze
Nei de earste draaibeurt fan Dagen dûnsje foarby frege ik my ôf watfoar mearwearde de muzyk winlik tafoeget oan Wilco Berga syn teksten. Dy teksten hawwe ynhâldlik-literêr nammentlik al sáfolle kwaliteit en binne út harsels al sá ryk fan klank, dat se stik foar stik maklik út eigen fearren fleane kinne. It binne earder stevige, epysk-eksplisite, gedichten as lietteksten, dy’t oer it generaal koarter fan stof binne en it mear fan suggestje hawwe moatte. Ik soe it by de cd hearrend boekje ek wol as dichtbondel lêze kinne, dêr’t er syn oare kant, dy fan byldzjend keunstner, perfoarst net yn ferleagenet! Yn wêzen skilderet Berga mei wurden it iene lânskip nei it oare (bgl. yn ‘It gers’, ‘Myn eilân’, ‘Ut flakke laan’ en ‘Ald is it eilân’) en docht er, as portrettist, itselde mei allerhanne persoanen dy’t er op syn libbenspaad moete hat (‘Dat bern’, ‘Tine Eline’, ‘Hynder dûnset’), ynklusyf himsels (‘Yn ’e dize’). Sok skilderjen mei wurden hat ‘byldzjende’ rigels oplevere foar dat lêstneamde nûmer:
En by moai stil waar sjoch ik einleaze jierren,
sjoch ik freonen werom op foto’s yn ’t laad,
lis ik ûnder de beammen te dreamen yn ’t skaad,
by moai stil waar sjoch ik alles fan fierren.
Mar ek yn ‘Myn eilân’ binne guon te finen, mei de prachtichste metafoaren:
Hjoed is se myn eilân, sa leidich en neaken,
[…]
de maaityds in fûgel, de winters in beaken,
[…]
Deis is se it seedún, nachts is se de fjoertoer
dy’t skippen nei hûs liedt mei ’t ljocht fan har eagen,
it strân is har baaiplak, har tas is de fiskkoer,
har hier is it seewier, har earms de weagen.
En wat te tinken fan dizze strofe út it troch Bob Dylan ynspirearre ‘Hynder dûnset’, oer it ferstriken fan ’e tiid?
Sjochst dysels yn ’e spegel, sjochst de tearen fan striid,
bringst alwer ien te hôf, seist in wurd oer jim tiid,
hearst it wrinzgjen fan hynders, hearst de klok yn ’e toer,
sjochst de wizer yn ’t rûn gean, en it gûnzet der oer.
Wat ynhâld en styl oanbelanget, kin ik oer de teksten fan Dagen dûnsje foarby allinne mar de loftrompet opstekke. Mar hoe sit it mei de muzyk, dêr’t Berga sa’n soad enerzjy yn stutsen hat om dy ‘ûnder’ de teksten te krijen?
Drompel ferlege
Wilco Berga syn jongste album is in wiere ‘groeiplaat’, dy’t men earst in kearmannich draaie moat, ear’t it kwartsje falt wat de funksjonaliteit fan ’e muzyk oangiet. Berga is ommers perfoarst gjin sjonger; hy is in foardrager! Dat foardragen docht er lykwols wól op in tige ritmyske wize en, mei troch syn wat ‘lispeljende’ wize fan praten, yn in hiel eigen, autentyk, timbre. Dêrtroch krigen de muzikanten dy’t er frege hie om de muzyk by syn teksten echt’ ta klinken te bringen, al moai wat hânfetten. Se kamen, om sa mar te sizzen, op in natuerlike wize yn Berga syn flow te sitten. Sa hat Ruben Mulder moaie oargelaksinten tafoegje kinnen oan ‘Yn ’e dize’, die er itselde op piano yn ‘Tine Eline’ en levere Lesley Joosten oan it lêstneamde nûmer in goed passende fluitpartij. Geppy Haarsma ‘stie’ foar de akkordeonpartijen yn ’e nûmers ‘Myn eilân’, ‘Gaan nyt sumar wech’ en ‘Ut flakke laan’, en se hat dy taak mei grut fakfrouskip folbrocht. Itselde kin sein wurde fan Hein Jaap Hilarides, dy’t fan ‘It gers’ in sterk (piano)bluesnûmer makke hat. Dat stik is ien fan ’e meast ‘radiofähige’ fan ’e hiele cd wurden. Radiofähig binne sûnder mear ek it krektneamde ’Tine Eline’, dêr’t Berga yn boartet mei de klanken fan dy twa frouljusnammen en dat in meinimmend wyske hat, mar foaral ’Hynder dûnset’. Yn dat lêste, balladeske, nûmer sit wer it hearlike oargeltsje fan Ruben Mulder en Wilco Berga draacht it op eksakt de goede toanhichte en op syn allerpregnantst foar.
It muzikale hear fan Dagen dûnsje foarby oereagjend, moat it wol sa wêze, dat Wilco Berga hiel goed yn ’e rekken hân hat, dat er troch syn wize fan liettekstskriuwen hege easken stelt oan ’e harker. Troch noaten/muzyk oan syn teksten ta te foegjen, hat er de drompel om goed kundskip te nimmen fan wat er as dichter mei te dielen hat, in hiel ein ferlege. Syn teksten binne der tagonkliker troch wurden.
Formidabele produksje
It leit yn ’e reden, om by in album as Dagen dûnsje foarby te referearjen oan it wurk fan Tom Waits. Wat my oanbelanget kin dêr de link mei David Bowie yn dy syn Ziggy Stardust-tiid (1972) oan taheakke wurde. Foegje by dat gehiel noch de jazzy aksinten dy’t yn guon nûmers sitte en de werklik formidabele produksje fan ’e hân fan Hans Wijnbergen (dy’t him mei dizze cd yn ien kear, ex aequo mei Harry Zwerver en Nico Outhuijse, yn ’e top 3 fan Fryske plateproducers nestele hat), en men hat in poergeskikte skiif foar jûns nei alven by in goed glês wyn.
Wilco Berga: Dagen dûnsje foarby/Dagen dansen voorbij (cd); Atelier BB aansee; Harns/Harlingen 2013 (0517 – 41 47 42; www.bbaansee.nl).