Friduwih Riemersma

Polare

logo.ensafh

“Boekekeatling Polare is hast fallyt!” seinen ferskate minsken dy’t lykas ik graach lêze. “Hoe moat it no?” Mear as dat opnij in protte wurknimmers in útkearing oanfreegje moatte sille, koe ik dêr net op antwurdzje. De boekferkeap rint werom, dat is wier, mar at it om de ferkeap giet is it net mear as in lytsboargerlik probleem dêr’t ik my as lêzer fan literatuer net drok om meitsje kin. “Mar hoe moat it no?” frege in oanhâlder. Tsja. Ut de opkomst fan de roman, in pear ieuwen lyn, bliek de triomf fan de boergeoisy en it kapitalisme en no toant it kapitalisme wer ris syn ynstabiliteit. “Dat is net wat rjochtfeardigens is. Dat is wat Karl Marx is,” seit de kolonel yn Joseph Hellers Catch 22. “Rjochtfeardigens is in knibbel yn de terms fan de grûn op it kin nachts glûpsk mei in mes útspuid ûnder op in tydskrift fan in ûnderhânsk sânsekke slachskip yn it tsjuster sûnder in wurd fan warskôging.” Yn eigen behear útjaan hat sa’n protte foardielen dat it ûntstean fan in tredde partij tusken skriuwer en lêzer my altyd fernuvere hat. Sels-printsje is net tagelyk mei e-books útfûn mar hat in lange histoarje. Yn de achttjinde ieu joech Laurence Sterne syn Tristram Shandy sels út. Dat koe hast net oars want it ferhaal is in wiidweidige krityk op it boek as materieel objekt. At Korporaal Trim de opdracht krijt om goed yn in boek te sjen “nimt er de twa kaften fan it boek, ien yn elke hân en wylst er de bledsiden nei ûnderen falle lit troch de kaften werom te bûgen, skoddet er it boek ris goed en krêftich út.”

“Ik bedoel,” sei de oanhâlder, “hoe moat ik no oan boeken komme?” “Dat freget Polare him ek ôf,” sei ik foarsichtich, “yn alle gefallen hawwe jimme ien mienskiplik probleem.” De grutte konkurrint en sa’t it hjit de oarsaak fan de swierrichheden fan Polare is ‘it ynternet’. Mear yn it algemien binne de technyske foarútgong, it ynternet en de e-books, the usual suspect foar it ferneatigjen fan ús kultuer troch earst de bibleteken plat te baarnen en dan de twaddehâns- en ûnôfhinklike boekhannels te deadzjen en no ek de keatlings te smoaren. In prinsipieel likegoed as praktysk beswier tsjin keapjen by online boekhannels is dus dat dit meihelpe betsjut oan de moard op Polare. Ik tocht oan Scheherazade fan Tûzen-en-ien nacht, dêr’t it stoppen fan de ferhalen liedt ta moard. Mar de oanhâlder sei: “At ik se keapje wol ik boeken earst fiele en rûke.”

De rook fan boeken liket harren de lichaamlikens te jaan dy’t boeken op it ynternet misse; rook jout se miskien sels wat minsklikens. Yn De broers Karamazov fan Dostojevsky hjit de – nei alle gedachten – jongste broer Smerdjakov, De Stjonker en hy is de soan fan Stjonkende Lizaveta. Rook is in moaie metafoar foar de ynkringende en tagelyk ûngrypbere en tinkbyldige ynfloed fan Smerdjakov op it hiele barren, mar jilde dy kwaliteiten net lyksa foar in boek dat ús ek at wy it út hawwe net echt loslitte wol? George Orwell lykwols dielt beslist net de sentimintaliteit en nostalgy dy’t oeral it petear oer de boekhannels kleuret. Yn Boekwinkel oantinkens seit er: “De swiete lucht fan weirotsjend papier lûkt my net langer oan. Der is yn myn holle in te nauwe assosjaasje mei paranoïde klanten en deade blaugûnzers.”

“In boek bestelle is gjin keapje; ik wol it mei-iens lêze,” sei de oanhâlder. Yn Grykske trageedzjes liedt direkte behoeftebefrediging, at it net yndike wurdt troch regel en fatsoen, ta ûndergong. Sofokles syn Oedipus de Kening wol nei gjinien harkje en rekket blyn. Mar de moderne literatuer bestraft it lusteprinsipe net. Al bringt Tom Sawyer Huckleberry Finn en Jim hieltyd yn gefaar, se bliuwe trouwe freonen. Yn de postmoderne cult-roman Crash fan J.G. Ballard hat langstme folslein plak makke foar wille yn it direkte hjir en no: “Elk fan ús dy’t Vaughan kende akseptearre de perverse erotyk fan it auto-ûngelok.” Boekwinkels besykje wat winst te heljen út spontane kassakeapkes, mar yn de literatuer tilt it op fan figueren dy’t ympulsoanskaffen dogge mei gruttere gefolgen as kalinders en pinnen. “Hjir is jo goud,” seit Romeo at er de apteek jild jout foar syn deadlik mingsel. “Kom, tadiene en gjin fergif, gean mei my / Nei Juliets grêf, want dêr moat ik dy brûke.”

E-books kin immen bestelle, downloade en fuortendaliks lêze. Yn de science fictionsearje Star Trek lies elkenien al yn 1987 literatuer op tablets – “Lit ús ris sjen wat dêr bûten is,” sei Captain Picard. Mar al besteane se al tsien jier echt en binne se o sa maklik, romanprotagonisten hawwe de e-bookreader noch net ûntdutsen. Romanskriuwers hâlde net sa fan e-books. Lykas útjouwers hawwe hja belang by op print basearre boekprizen, dy’t heger lizze as e-bookprizen. Yn de supermerk is it bier ek goedkeaper as yn de kroech. “Mar hoe wit ik hokker boek at ik lêze moat,” frege de oanhâlder. De online-boekwinkel mist de ynformaasje-, presintaasje- en promoasjefunksje fan de bakstiennen boekwinkels dy’t, sizze boekferkeapers, in sosjale funksje yn de mienskip hawwe. Dus se soene subsydzje krije moatte, lykas de kroech. Foar de ôfreis nei Canterbury bringt Geoffrey Chaucer, tegearre mei de oare pylgers, de jûn troch yn in kroech. De weard stelt út dat de pylgers ûnderweis in ferhalewedstriid hâlde: “Jo fertelle moaie ferhalen en foarmje jo nei it spul; / want der is wier gjin nocht of noflikens, neat, / At jo de diken ride sa stom at stien is.” Nimmen wint; it is net om de knikkerts. Mar de oanhâlder sei: “Hoe kinne je jo e-books no moai oan oaren sjen litte?”

De lege priis, boeken yn de supermerke, op it ynternet, e-books, dy’t ek duorsumer binne as papier, meitsje oer it gehiel fan de hannel yn boeken nommen dit de gouden ieu fan tagong ta it lêzen. Lêzers dy’t har net dellizze by de survival of the fittest lije oan in oanpassingsprobleem. In adaptiver personaazje as Orlando fan Virginia Woolf is der net. Ofwiisde leafde, ôfkreake poëzy of sekseferwikseling – “se gie fierder nei de aard fan de werklikheid (…) [dy’t] har langje liet, langje sa’t se noch nea earder lange hie, nei pinne en inket. “O! At ik mar skriuwe koe,” rôp se.” En de oanhâlder sei: “Lit Polare mar. Ik skreau sels wol in boek.”

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *