Edwin de Groot

Jong fan geast

logo.ensafh

De middei is healwei
de knipperkes dien
‘t is tiid foar tee tsjettelfol

De sliep hat it net ferdreaun
de jacht op doedestiids
dreamen tewekker gelyk

Yn har eagen in simmerjurk
it dûnsjen op freedtejûn en
dernei tútsje op ’e hoeke

En winterdeis swart iis
pronkride op de baan by skimer en
de rook fan waarme poeiermolke

Hja fielde him dwerstroch
syn leaden jas hinne
wylst izer it wetter bruts

De middei is healwei
it dûnsjen hâldt net op
de baan is fan har

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *