Willem Winters

Damje & Gebyt

logo.ensafh

Nei wat omswervings is it medaljekastke wer by my. Yn in doaske dat derby heart fyn ik in skrift mei knipsels oer Damclub Heerenveen, de earsten út de Friese Koerier fan 1954: ‘M. Winters kampioen hoofdklasse’, stiet der boppe. ‘In de Dinsdagavond gehouden ontmoeting liep Peetsma in een valletje opgezet door de listige problemist Winters.’ Prachtige sin! M., dat wie Marten, myn heit.

Yn it ferslach fan de wedstriid om it Frysk kampioenskip tusken ús heit en Smit stiet: [-] ‘Of zocht Smit het gevaar in de schijf die door Winters meer als afwachtingszet werd verschoven? Een feit was echter, dat Smit een schijf offerde voor een dreiging die er niet was. Winters wist goed door te drukken en nadat door hem dam was gehaald, moest Smit capituleren.’
Mar in oare kear gyng it net sa flot: ‘Winters en Jonker speelden een vreemde partij. Er werd over en weer nogal eens een foutje gemaakt. De ontknoping was nog min of meer verrassend. Jonker had zes schijven, Winters twee en een dam. Winters ging daarna te veel op winst spelen. Hij zette toen zijn dam op een verkeerd vak neer, waardoor Jonker hem tot volledige capitulatie kon dwingen.’ Dy ferslachjouwer koe skriuwe! Damjen in tinksport? It liket wol wrakseljen.

DSC_0340

Ik fyn ek noch in knipsel oer de ‘Jeugdwedstrijd dammen Oldeboorn-Heerenveen’. [gjin datum, ± 1958] Dêr die iksels oan mei. Ik moat neffens it berjocht de twa partijen tsjin J. Veld wûn ha. Ik wie oars net sa’n ljocht op dit mêd. Ik moat wol goed yn foarm wist hawwe dêr yn Aldeboarn, of myn tsjinstanner wie net sa tûk.
De jeugd-ôfdieling fan Damklup Hearrenfean wie fuortkaam út it klupke dat sneontejûns by ús yn it lytse keammerke efter byinoar kaam om te damjen. Nammen? Ik bin der lang net wis fan, mar it stiet my by dat jonges fan ’e buert as IJsbrand Veenstra, Willy Friso en Sipke de Jong der by hearden.
Ien sa’n damjûn stiet my noch dúdlik foar eagen. Dat komt troch it gebyt fan heit. Hy hie doe al – hy wie 34 jier – in falsk gebyt, dat wie doe wenstich. Trouwe? Dan ek fuort mar in nij gebyt. Om syn gebyt ris goed skjin te meitsjen hie er it yn in pantsje mei wetter op it gas set. It wie te hyt wurden, krûm lutsen en paste net mear. In ramp, sa’n djoer gebyt! Dus helle heit skuorpapier út it hok en besocht de plakken dy’t knypten te skjirjen. Dat slagge net. In protte omtinken foar ús damtechnyk hie er dy kears net.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *