Beart Oosterhaven

Ynspirearre fakmanskip

logo.ensafh

‘Yn de njoggentiger jierren gie elk wer syn eigen wei, al sieten Douwe en ik tegearre noch yn Piter’s Protters en spile Douwe wol ris in gitaarpartij yn op ien fan myn CD’s.’ Dat skriuwt trûbadoer Piter Wilkens yn it ‘Efteropwurd’ fan ’e titelleaze debút-cd fan ’e groep Diggelfjoer út 2002.
De neamde ‘Douwe’ is Douwe van der Werff fan Murns, hjoed de dei bekend as ‘Grize’, de manlike helte fan it duo Grytz & Grize, dêr’t koartlyn de cd Twa fan ferskynde.

Skiednis
Om it skiednisleske eefkes ôf te meitsjen: Diggelfjoer bestie yn 2002 út ’e multy-ynstrumintalisten Douwe van der Werff en Domien de Winter, mei Koos Keus op drums. De grutste hits fan it trio wiene ‘Heit mei ’k mei’ en ’Gjin ferlet’. De beide earstneamde hearen sieten ein santiger/begjin tachtiger jierren mei Piter Wilkens (doe basgitarist) yn ien fan ’e earste Frysktalige rockbands: Okke Hel. Dêrom dus dat ‘Efteropwurd’ fan Wilkens op Diggelfjoer.
Hoe’t it mei Piter Wilkens syn solokarriêre gien is sûnt it begjin fan ’e njoggentiger jierren, mei bekend ûndersteld wurde: hy waard de wiidst ferneamde Frysktalige trûbadoer. Douwe van der Werff stie nei syn Okke Hel-tiid folle minder yn it skynljocht, mar hy bleau wól warber yn ’e muzyk. Syn plateproduksje yn ’e ienentweintichste ieu kin sels moai grut neamd wurde. Nei Diggelfjoer ferskynden nammentlik fan syn projekt Djipper de cd Hert & frou (2005); op ’en nij in skiif fan Diggelfjoer: Fonkelnij (2009) en yn 2011 it earste album, Tsien moaie ferskes, fan it duo Grytz & Grize, dat er yn 2010 oprjochte hat tegearre mei sjongeres-gitariste Grytsje Melchers fan Balk.

Ynternasjonaal repertoire
Nettsjinsteande de titel en it Spaanske nûmer ‘Don Devoy’ fan Tish Hinojosa wie de debút-cd fan Grytz & Grize in Ingelsktalige oangelegenheid. Op ’e skiif steane tsien lieten út it ynternasjonale repertoire, dêr’t foar my it al neamde ‘Don Devoy’, mar foaral ‘Fields of Gold’ fan Sting en ‘Redemption Song’ fan Bob Marley absolute topstikken fan binne. It is spitich, dat de útfierings troch Grytz & Grize fan al dy ‘moaie ferskes’ mar sa’n lyts bytsje airplay op ’e ûnderskate radiostasjons krigen ha.

Eigen en oarmans wurk
Wat harren jongste album Twa oanbelanget, hawwe Grytz & Grize oars net oer media-omtinken te kleien! Faaks komt dat wol, om’t dy skiif fjirtjin alhielendal Frysktalige nûmers befettet en op sa’n ‘wize’ poergeskikt is foar it format fan Omrop Fryslân.
De teksten fan Twa hawwe ferskate lju foar tekene. Hofleveransier is ‘Grize’ Douwe van der Werff sels. Hy skreau foar tsien nûmers de wurden, al die er ‘Bliuw by my’ tegearre mei Koos van der Sloot. De oare teksten binne fan ’e hân fan Herman Nijholt (‘De dei is ferrûn’) respektivelik Helmer Hettinga (‘Tichteby’). En dan binne der noch twa covers. De earste is fan it nûmer ‘Wite fûgel’ fan Van der Werff syn âlde Okke Hel-maat Piter Wilkens. De twadde is fan ‘Cliffs of Moher’ fan Gurbe Douwstra, it nûmer dat oant en mei 2012 in jiermannich op nûmer 1 stie yn ’e Fryske Top 100 fan Douwstra syn wurkjouwer Omrop Fryslân. It coverjen fan it lêstneamde lietsje op Twa koe wolris in marketing-aspekt mei anneks wêze. Radiopresintator-trûbadoer Gurbe Douwstra makket ommers fiif dagen yn ’e wike it streektaalmuzykprogramma ‘Radio Froskepôle’, dêr’t er syn eigen lieten ek net te min yn hearre lit…
Hoewol’t der út en troch in taalbonkje yn te finen is (bgl. ‘Altyd justjes grutter dan dy fan in oar’ yn ‘Kanjer’ en ‘Moatst no mar lekker koesen gean’ yn ‘Sliepferske’) binne it oer ’t generaal knappe lietteksten dy’t op Twa te hearren binne. Sa binne fan Douwe van der Werff sels ta neitinken stimmende rigels te finen yn ‘Fertize yn tinzen’:

Wat is it dochs dat it tsjuster mei myn holle docht?
Alles wat ik nachts betink, sjoch ik oars by deiljocht.

en hat Herman Nijholt de folgjende byldzjende rigels skreaun yn it leafdeslietsje-mei-in-knypeach-nei-Gysbert-Japix (1603-1666) ‘De dei is ferrûn’:

Mar as ik my fannacht oan dy jou,
dan kleuret de hege himel read.
Wy yn it tsjuster, in man en in frou.
Tusken beide stiet hielendal neat.

Leafdeslietsjes binne oars tige goed fertsjintwurdige op Twa. It al neamde ‘Sliepferske’ meirekkene, steane der mar leafst njoggen op.

Poppy folk
Op ’e earderneamde covers fan Piter Wilkens en Gurbe Douwstra nei, is alle muzyk fan Twa komponearre troch Douwe van der Werff. Yn trije nûmers is syn grutte affiniteit mei it sjenre fan ’e blues te fernimmen. Yn ‘Ik wol it alderleafst’ ûntlient er oan in komposysje fan ’e Chicago-bassist Willie Dixon (1915-1992), yn ‘Te let’ docht er itselde mei in stik fan mûlharpist-sjonger Little Walter Jacobs (1930-1968) en fan ‘Tuike oan’ hat er sels in mid-tempo blueske makke. Foar it oare kin de muzyk fan Grytz & Grize faaks mar it bêste oantsjut wurde as tige tagonklike, poppy folk. Behalve Van der Werff (gitaren, toetsen, akkordeon, bas, perkusje) wurdt dy sound op Twa ta stân brocht troch Silvan van der Tang en Pieter Dokter (beide drums), Hetty Zonderland (eftergrûnsang) en Jacco Schilder (mûlharpe).

Lust foar it ear
Hoewol’t Grytsje Melchers har stim yn in pear nûmers leavernôch klinkt by de ynhâld fan ’e wurden dy’t se sjongt (bygelyks yn ‘Kanjer’ – dat nûmer hie mei mear ‘pit’ songen wurde kinnen – en ‘Te let’, dêr’t de blues fierste ‘braaf’ yn fertolke wurdt), binne fierwei de measte nûmers fan Twa in lust foar it ear. De hichtepunten binne foar my: ‘De dei is ferrûn’, ‘Bliuw by my’ (dêr’t Grytz & Grize op 5 maaie 2013 de publykspriis op it Lietfestival yn ’e Prinsetún te Ljouwert mei wûn hawwe) en ‘Unberikber’. Dat lêste nûmer wurdt troch Grytsje Melchers suver heroysk songen en Douwe van der Werff spilet der in geweldige akkordeonpartij yn.

De hjir bespruten jongste cd fan it Súdwesthoekster duo Grytz & Grize tsjûget oer alle boegen fan ynspirearre fakmanskip. En dan net allinne fan ’e âlde rôt yn it fak Douwe van der Werff, mar ek fan ’e jonge blom Grytsje Melchers en fan ’e muzikanten dy’t harren bystien hawwe by it meitsjen fan Twa.

Grytz & Grize: Twa (cd); Eigen behear; Murns 2013; www.grytzengrize.nlgrytzz@gmail.com .

http://www.youtube.com/watch?v=wXqucDC_QQs

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *