
Yn Berltsum roint it, yn Drachten reint it en yn Twizelerheide reent it. Yn Koudum smarre se buter op ‘e bôle, yn Damwâld bûter en yn Easternijtsjerk buotter. Binnen it Frysk besteane farianten dy’t dialekten neamd wurde. De dialekten dy’t it grutste gebiet beslane binne de Wâlden en de Klaai, lytsere dialekten binne it Dongeradielster Frysk, it Súdhoeks en it Súdwesthoeks. Dat is sawat rûchwei de yndieling, de grinzen binne net skerp en hjir en dêr binne noch wer lytsere ‘enklaves’ dêr’t se it noch krekt wer oars sizze. Dat der Fryske dialekten besteane is net útsûnderlik, it Nederlânsk hat ek sa syn dialekten.
Lês fierder by Hindrik Sijens