
….winter, wen aan dat woord
C.O. Jellema
Slûpendewei wurdt it ekerlân bút
fan wytgrús gluorjend yn de fuorgen
in loft dy’t izich swart
syn fracht oanseit
In heiljacht lit it kreakje
skulpen op ruten en fûgels
te klomsk om har noch
tsjin de wyn te kearen
Myn hûd is net in jas foar de winter
foar skaad hast te tin
stoot dyn swijen
as snie troch de seamen