
Wa ken se net, dy hynders en ruters fan Marino Marini. Unbegryplik moai! Mar syn skilderijen en tekeningen, hoe binne dy? Dêr seach ik mar hiel inkeld wat fan. No wiene der yn Swol tal fan keunstwurken fan him te sjen. In unyk barren. En wy hiene dizze eksposysje hast rinne litten, it soene dochs wol wer de wenstige hynders en ruters wêze. Mar nee, ik sjoch fantastyske abstrakte komposysjes, neakten, figueren út it sirkus en portretten, allegear hiel ynkringjend en ûnbegryplik moai!
En fan it gebou dêr’t dit allegear te sjen wie, it eardere Paleis fan Justysje, kinne wy neat oars as beare, wat moai, wat ûnbegryplik moai! Ik fernim wa’t der foar tekenen: ynterieur, ja, ja, Gunnar Daan; de útwreiding yn de foarm fan in fantastyske koepel is fan Hubert Jan Henket. It is dyselde Henket dy’t it Fries Museum sa’n te grutte pet opsette. Nee, dan dy koepel op it museum yn Swol, ûnbegryplik moai!
Dan wie der noch in kar út de eigen kolleksje te sjen: Mondriaan, Marc, Picabia, Lucebert, Severini, Citroen, Appel, Willink, Turner, ensafuorthinne…. Allemachtich, wat moai, wat ûnbegryplik moai! De basis fan dy eigen kolleksje waard lein troch Dirk Hannema, yndertiid direkteur fan Boijmans-van Beuningen, de man dy’t de Emmaüsgangers foar in echte Vermeer oanseach, wylst it in echte Van Meegeren wie. Hannema kaam yn Swol terjochte en joech yn 1964 syn kolleksje oan de nei him neamde stichting. Je soene sa’n figuer yn Fryslân ha wolle. It mei dan wolris wat bryk gean mei sokken, der bliuwt wat bliuwends fan oer, wat ûnbegryplik moais!