
Goud, kobaltblau en poarper is it gers:
de kleuren, dêr’t ik in boek yn lês.
O, grousum lân fol guozzestront
en hynstedong! Wa, dy’t rint
yn it Noarderleech, ûnder loften
sa wiid, sa himelheech, tinkt net
oan de grutte hoer fan Babylon?
Gûl, do poarte! Skreau, do stêd!
Lês fierder by Abe de Vries