
Wa lêst noch Fryske boeken? De groep Frysk-lêzers wurdt hieltyd âlder – en lytser. De provinsje Fryslân stipet de útjefte fan boeken, omdat literatuer in belangrike drager is fan de Fryske taal en kultuer. Mar de Fryske skriuwers fine dat der te min dien wurdt: sy wolle dat de ‘Sutelaksje’ weromkomt. Dy tradysje, dêr’t frijwilligers mei kroadfollen boeken by de doarren lâns giene, is fiif jier lyn ôfskaft. De skriuwers hawwe dêrom no séls de kroaden mar oppakt, om harren boeken oan de man te bringen.
Yn de dokumintêre ‘Boeken mei leafde’ in ferslach fan dizze aksjedei en petearen mei boekhannelers en útjouwers oer de weromrinnende boekeferkeap. Fierders giet programmamakker Karen Bies nei de Frankfurter Buchmesse, dêr’t foar it earst Fryske boeken ûnder de oandacht brocht wurde. En portrettearret sy de skriuwer Ferdinand de Jong dy’t neat leaver wol as skriuwe – en lêzen wurde.
Fryslân DOK: Boeken mei leafde
Snein 30 maart om 17:00 oere en dêrnei fan 18:10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje.
Ek te sjen op sneon 29 maart om 10:25 oere en snein 30 maart om 15:20 oere op Nederlân 2.