Nije sutelaksje kriget jild

logo.ensafh

De provinsje stelt jild beskikber foar in sutelaksje fan Fryske boeken. It giet om inkelde tsientûzenen euro’s. De stifting Tsjil, besteande út Fryske skriuwers, hat dêr in fersyk foar yntsjinne.

Yn septimber kroadzje skriuwers by wize fan proef yn tsien doarpen boeken by de doarren del. Ferienings út dy doarpen helpe harren. De proef moat útwize hoefolle ferlet oft der is fan Fryske boeken oan de doar. De provinsje jout it jild, omdat it om in inisjatyf út de mienskip giet.

De sutelaksje fan Stifting it Fryske boek waard yn 2009 ôfskaft. De opbringsten sakken, trochdat oerdeis hieltyd minder minder minsken thús wiene. Boppedat waard it dreech om genôch frijwilligers te finen. Neffens de Fryske skriuwers hat de ôfskaf in minne set west. Sûnt dy tiid wurde folle minder boeken ferkocht.

Boarne: Omrop Fryslân

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *