
Klaas Rusticus (1942) is gjin bekende namme yn de Fryske literatuer. Hy is wol tige bekend as regisseur yn de teater-, film- en tillevyzjewrâld. De âld-Snitser hat in soad produksjes op syn namme stean, yn Nederlân benammen foar de NCRV. Letter wurke hy yn it bûtenlân, û.o. yn Tsjechië en East- en West-Dútslân. Rusticus debutearre yn 2010 as skriuwer, mei Simen de Jong as ko-auteur, mei it Nederlânsktalige boek Twee, oer in freonskip tusken twa jonges. De brimstige ingel is Klaas Rusticus’ Frysktalige debút. De ferhalebondel is opboud út trije dielen mei de prikeljende dieltitels: Wynpûsten by in iepen finster, De Snitser tiid en De wide, wide wrâld.
Lês fierder by de Moanne