Josse de Haan, Piter Boersma

De hillige Trêske fan Lizejeu

logo.ensafh

Yn it ûndersteande artikel ferliket Josse de Haan de Frânske en Nederlânske oersetting fan de roman leafdedea fan homme earnstma mei it orizjineel.
Yn syn boek Frozen moonlight yn myn hannen út 2013 hat De Haan al oer de útjefteskiednis fan it boek skreaun.
As taljochting dit:
leafdedea ferskynde foar it earst yn 1963 as bysûndere útjefte fan it tydskrift Quatrebras.
In twadde printinge, omstavere mar fierders neffens de earste printinge, ferskynde yn 1994 by de Koperative Utjowerij besoarge troch en mei in neiwurd fan Josse de Haan, mei op wurdnivo lytse oanpassings troch de auteur.
In tredde printinge ferskynde yn 1994, redigearre en besoarge troch Alpita de Jong en Teake Oppewal, neffens de twadde printinge. Dizze tredde printinge is foarsjoen fan in neiwurd fan Agnes Caers, dy’t dêr in nij slot fan haadstik IV by jout. Dat nij slot fan haadstik IV stiet ek yn de hjirnei neamde Frânske oersetting.
De Nederlânske oersetting fan leafdedea, ûnder de titel Liefdedood, stiet op ’e webside fan Digitale Bibliotheek voor de Nederlandse Letteren.

Piter Boersma

 

DE HILLIGE TRÊSKE FAN LIZEJEU
of
HOE’T AGNES CAERS DE KLUIT
MYTOLOGYSK BELAZERE

Josse de Haan

Frysk, s. 79:‘ bestean: wyt(=doel)leaze rin fan neat nei neat’.
Ned:’ zijn leven, een avontuurlijke reis, doorgang van niets naar
niets’.

De ferteller yn de lytse roman leafdedea fynt it libben doelleas, allinne it boartsjen makket it akseptabel. Yn de oersetting is wyt(=doel)leas aventoerlik wurden, en dat is in essinsjeel ferskil.

It lêste haadstik fan leafdedea, de lytse roman fan homme eernstma út 1963, is troch oersetster Agnes Caers yn de Frânske oersetting (1997) net opnommen. De redakteuren fan de KU – Trinus Riemersma, Piter Boersma, Teije Brattinga en Josse de Haan – hawwe dat doe net yn ’e rekken hân. Feije Sixma van Heemstra (homme eernstma) hat oan de KU net ferteld, dat de Frânske ferzje net deselde wêze soe. De KU hie de 2e printinge mei in wiidweidich neiskrift yn 1994 útjûn. De skriuwer hat yn dy tiid de rjochten foar 1000 gûne oan de KU oanbean, want hy hie ferlet fan jild, neidat in frommeske him yn Den Haach ‘oan reapsein’ brocht hie.

De mearderheid fan it bestjoer fan de KU wie tsjin keapjen fan de rjochten. De redakteuren hawwe net sjoen dat de oersetster neffens eigen sizzen it manuskript (te lêzen op de siden fan DBNL) goddeliker en poëtysker makke hat. Mei oare wurden, it boek fatsoenearre en sinsurearre. It lêste haadstik paste neffens har net yn it boek.
Dat lêste haadstik is fan essinsjeel belang, omdat de roman it ferhaal fertelt fan Jonker Wibe fan Holdinga en Eabeltsje, de dochter fan de túnbaas Oane, dy’t as bern boartsje yn de tún fan de State, en dat letter as folwoeksenen trochsette. De namme Eabeltsje betsjut Ea Belle – Ienris Moai.

Klik hjir foar it folsleine artikel as pdf (790 kb)

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *