
Dêr foel de foto út it oantekenboek. Dêr hie ik noch net socht en ik socht al mear as in healjier. Dy foto hat in ferhaal. It ferhaal fan de jas.
Hy hie dy jas oan doe’t er nei jierren thúskaam, dat wie yn 1957. Us mem en ik rûnen op it Breedpaad rjochting Dracht noch foar de fiskwinkel. De NTM-bus stoppe by de Haadbrêge
Der stapten minsken út. Ien fan harren rôp: ‘Dêr komt se krekt oan.’ Hy hie him ús adres frege en no kamen wy der tafallich oansetten. Oft en hoe’t de emoasjes opspilen wit ik net, allinne dat byld fan dy man yn in swarte jas dy’t út ‘e bus stapt is noch helder en skerp.
Hy woe nea folle kwyt oer dy Russyske jas mei mar ien bûse en trije, fjouwer aluminium knopen. Net genôch om de waarmte fêst te hâlden. Dochs hat er Stalingrad en Sibearje dêrmei oerlibbe. Dêr rekkene syn famyle al net mear op. Hja hiene in keunstskilder dy’t oan ’e doar kaam syn portret nei in pasfoto skilderje litten.
Foar de manlju wie de oarloch net itselde. De ien wie NSB-er, de oar SS-er, wylst de tredde pakt waard foar de Arbeitseinsatz. Moeten se inoar op famyljefeesten, dan wie de oarloch te grut en te slim om it deroer te hawwen. Hoe grut en hoe slim dat koene de thúsbliuwers net befetsje. Dan fertelden se mar brike ferhalen, oer de luzen, oer it minne iten, oer it skimmelige brea en de gratis soerkoal yn restaurants. Stalingrad, ja dat wie wat, wist. Mannen fan beide kanten brûkten soms deselde kelder om te skiten…. Dêr koene se teminsten om laitsje. It waarden standerdisearre ferhalen. Elk koe se wurd foar wurd. Sa koe nimmen him noch ferslokke yn dy oarloch.
Nimmen woe dy Sibearyske kampjas drage, útsein ik. Letter, ik hie de knopen ferset, paste er sa’n bytsje. Ik hie him winterdeis faak oan, myn âlden fûnen it mar neat, mar holden har stil. It wiene de jierren fan de noazums, de provo’s, fan de asfaltjeugd, fan de jazz en rock & roll, fan maatskiplike ferwyldering. Alles sa dwers as mar koe. Op sneintejûn op ’e Dracht hin en wer rinne yn in jas fan in Russyske kriichsfinzene wie dwerser as dwers.
Wat oaren dêrfan tochten, dêr hiene wy skyt oan.