
In moai skoft lyn – oan ’e ein fan ’e foarige ieu, yn ’e tiid fan ‘Nobody’s Wife’, ‘It’s So Hard’ en ‘Sacrifice’, de grutte hits fan ’e Haachske rockdiva Anouk – skille Minke Adema fan ’e Lemmer my. Se frege wat oft se dwaan koe om mear út har sjongkarriêre te heljen. Om’t MINK, sa’t har artystenamme doe al wie, wat útstrieling oanbelange wol wat wei hie fan Anouk, en ‘wy’ sa’n stoer frouljuslûd yn it Frysk noch net hiene, haw ik har doe oanrikkemandearre om geandewei oer te skeakeljen op Frysktalich repertoire. No, goed fyftjin jier letter, leit er yn ’e winkels: Minke Adema har, tegearre mei Eelco Engelsma makke, earste Fryske cd (al hat dy noch wol in Ingelske titel) Sorry!.
Red Bullet
Minke Adema begûn har karriêre yn ’e tachtiger jierren mei it sjongen op rockfeesten en op bikerfeesten. Nei’t se in jiermannich ûnderfining opdien hie, krige se njonkelytsen in eigen, fêste band. Har earste besykjen yn it Frysk wie de single ‘Nim my mei’, dy’t yn 2004 ferskynde en frijwat airplay krige op Omrop Fryslân. Yn ’e selde snuorje lykwols krige ek Willem van Kooten, better bekend ûnder syn eardere deejay-namme Joost den Draaijer, yn ’e rekken hoe’n geweldige strôt oft Minke Adema wol net hie. Dat betsjutte Minke har earste kontrakt by Red Bullet Records, de platemaatskippij fan Van Kooten, en it foarearst wer yn ’e iiskast-setten fan it Frysktalige repertoire.
MINK har debútalbum by Red Bullet ferskynde yn 2005 en hie as titel Burning Photographs. Dêrnei reizge se, op útnoeging fan ’e grutte platemaatskippij Virgin, nei Amearika en folge in twadde cd: 1:AM (2006). Beide albums binne op ’t stuit yn ’e winkel net maklik mear te besetten. Dejingen dy’t witte wolle hoe’t MINK yn 2005 en 2006 yn in stevige rocksetting klonk, wiis ik lykwols op ’e 2cd Dutch Rock Heroes, dy’t yn 2012 op it Red Bullet-label ferskynde. Op dy cd’s, dy’t noch wól rûnom te krijen binne, steane de treflike nûmers ‘Searching For The Answer’ fan it earstneamde album en ‘Perfucked Situation’ fan ’e twadde cd fan MINK.
Oar sjapiter
Nettsjinsteande de ynspannings fan Willem van Kooten, de oerstek nei Amearika en it goede plaatwurk, slagge it MINK mar net om nasjonaal en ynternasjonaal troch te brekken. Nei’t se it in skoft wat kalmer oan dien hie, frege Minke Adema yn 2009 har muzykmaat út ’e njoggentiger jierren, de oan it konservatoarium ôfstudearre gitarist Eelco Engelsma, om mei har nije en diskear Frysktalige lietsjes te meitsjen. Nei in soad live-optredens tegearre, kaam, as logysk gefolch, ferline jier de earste cd fan Minke & Eelco, Sorry!, út.
Dat album is fan in hiel oar sjapiter as de Ingelsktalige rock-cd’s út 2005 en 2006. De tolve lietsjes op Sorry! binne wat muzikale ynfolling oanbelanget suver lyts en brekber, al litte behalve Adema en Engelsma ek noch oare muzikanten fan har hearre, nammentlik: Angelo van den Burg (perkusje), Tessa Boomkamp (sang), Phaedra Kwant (bas), Jan Peter Sträter (toetsen) en Hubert Heeringa (altsaks).
Kwaliteit fan ’e taal
Minke Adema en Eelco Engelsma hawwe alle lietteksten fan Sorry! tegearre skreaun. Dy teksten hawwe gauris Adema har leafdeslibben as ûnderwerp (‘Ik wol dij ha’, ‘Sorry!’), mar geane ek oer bygelyks har striid mei it lichemsgewicht (‘Jo Jo’), oer in seeman dy’t dreamt fan in seemearmin (‘Seemearmin’), oer in typyske Wâldman (‘Jan út de Wâlden’) en oer in Alvestêderider (‘Noas op it iis’).
Under it lêzen fan it ynlisfel by de cd, hie ’k eefkes soarch, dat it stiiffol staveringsflaters sittende Frysk fan dat fel eksimplarysk wêze soe foar de kwaliteit fan ’e taal fan ’e lietteksten. Dat falt aldergeloks in slachje ta, al sille Fryskgefoelige harkers har grif steure oan rigels lykas dizze út ‘Laitsje mar sizze neat’:
’k Lis nei dyn ademjen te lústerjen
[…]
Ik fjochtsje tsjin myn sliep oan
[…]
Ik wol fan dij genite.
Dat Adema en Engelsma wier wol in aardige liettekst yn ridlik Frysk skriuwe kinne, docht bliken oan ’e nûmers ‘De fytser’ en ‘Kening fan it tsjuster’. Yn it earstneamde steane de suver poëtyske rigels:
[…] ’k sjoch hoe’t de fytser wraksel’t mei de wyn.
Wêr moat hij hinne, watfoar tiid hellet hij no noch yn?
Ik sjoch de drippen, sjoch hoe’t se skitt’rje op it bereinde glês.
Triennen fergrutsje; ik hâld it byld fan ’e fytser noch efkes fêst.
En yn it twadde wurdt sels de filosofyske djipte socht:
Boeken fol oer tsjustere saken,
stjoert myn siel’ noch echt myn lea?
Ik wol in antwurd op myn fragen:
Is der libben nei de dea?
Forsearre
De muzyk fan ’e nûmers op Sorry!, dy’t ek troch Adema en Engelsma tegearre komponearre is, wurdt oer ’t generaal troch lêstneamde en ‘syn’ gastmuzikanten adekwaat útfierd. Yn dy komposysjes (en arranzjeminten) sels sitte lykwols al in pear saken dêr’t men fraachtekens by sette kin. Sa lykje de strikers yn it nûmer ‘Seemearmin’ der letterlik oan ’e hierren fan ’e (digitale) strykstokken bysleept te wêzen. Fierder docht it sjongen fan Adema yn in stikmannich nûmers (‘Ik wol dij ha’, ‘Laitsje mar sizze neat’, ‘Sorry!’) forsearre oan en falt it op, dat net alle nûmers like suver songen wurde (‘Sorry!’, ‘Sliep sêft’ en mear).
Ferklearring
Op ’e efterkant fan it ynlisfel fan dit earste Frysktalige album fan Minke Adema en Eelco Engelsma seit earstneamde Sorry! foar mar leafst fjirtjin ‘punten’ dy’t se winlik oars hawwe wollen hie. Nûmer 13 fan dy rige helje ik hjir eefkes oan: ‘Sorry dat net alles geef frysk is op dizze skiif! Sa bin ik no ien kear.’ Mei dat sizzen is it healwoeksen nivo fan ’e cd ferklearre.
Adema hat fan Sorry! dus willemoeds in album makke fan it type ‘sa kin ’t wol ta’. Hie se mear flyt op ’e teksten, har sjongtechnyk en ’e produksje fan ’e skiif as gehiel dien, dan hie Sorry! in akseptabele cd wurde kinnen. Want, der sit wier wol potinsje yn Adema har Fryske lietsjesskriuwerij tegearre mei Eelco Engelsma! Ik wiis nochris op ’e hjirboppe al oanhelle nûmers ‘De fytser’ en ‘Kening fan it tsjuster’, en fierder op ‘Sliep sêft’ en ‘Thom’.
Sa bliuwe der fan Sorry! dus mar in pear nûmers oer dy’t men faker as ien kear hearre wol. It debútalbum fan Minke Adema en Eelco Engelsma is dêrom (noch) net de ‘Fryske trochbraak’ wurden, sa’t ik dy fyftjin jier lyn foar my seach. Sorry! is foaral in miste kâns. It muoit my dat ik it sizze moat.
Minke & Eelco: Sorry! (cd); Marista Records; Dronryp 2013; www.minkeadema.nl