
Yn 2012 ferskynde by Utjouwerij Elikser in Fryske oersetting, fan ’e hân fan Piter van der Veen, fan ’e novelle Le silence de la mer fan ’e Frânsman Vercors (skûlnamme fan Jean Bruller (1902-1991)). Dy novelle, dy’t yllegaal ferskynde yn 1942, en de Hollânske oersettingen derfan hawwe in nijsgjirrige publikaasjeskiednis. Yn de Moanne (feb. 2013) giet Ernst Bruinsma dêr op yn. Oer de krektens fan ’e oersetting fan Van der Veen wol er it net ha. Dat moatte oaren mar dwaan, seit er. Lykwols einiget er syn besprek mei de opmerking dat er net snapt wêrom’t Piter van der Veen yn ’e oersetting keazen hat foar de titel ‘In see fan stilte’ y.s.f. ‘De stilte fan ’e see’. Nochal in betsjuttingsferskil, neffens Bruinsma. Dêr kin men him wol yn meistimme. Wat net sizze wol dat de Fryske titel fan Van der Veen net passend is. De see komt yn it ferhaal hielendal net foar, stilte nammerstemear.
It is it ferhaal fan in Frânsman, dy’t beskriuwt hoe’t yn ’e Twadde Wrâldoarloch in Dútsk ofsier ynkertierd wurdt by him en syn omkesizzer, in kreas jongfaam. ‘Hy eaget godtank, fatsoenlik’, seit de omke tsjin syn omkesizzer. (s. 11) Se binne net fan doel om harren te feroarjen om de ofsier en gunne him net in wurd. Dat is harren protest. De ofsier, Werner von Ebrennac, wurdearret harren hâlding. ‘Ik ha earbied foar minsken dy’t it heitelân leavje’, seit er. (s. 11) It praat yn ’e novelle nimt hy (hast hielendal (sjoch fierderop)) allinne foar syn rekken. Hy fertelt harren jûns fan syn libben en fan syn dreamen. Alle jûnen einiget er mei: ‘Je vous souhaite une bonne nuit’.
Bruinsma freget him ôf oft Van der Veen út it Frânsk of út it Hollânsk wei oersetten hat. It feit dat dit sintsje hieltyd yn it Frânsk weromkomt, wiist der neffens my op dat Van der Veen út it Hollânsk wei oersetten hat, want yn de oersetting fan A. Wijkmark (skûlnamme fan Amy van Marken) fan 1944, yllegaal útkommen by de Bezige Bij, wurdt dat sintsje ek hieltyd as iennige yn it Frânsk werjûn.
As Von Ebrennac in kear klomsk is en syn unifoarm wiet fan ’e sniejacht, komt er yn boarger ûnder, om him te waarmjen oan harren fjoer. Hy praat mei in ‘sangerich gûnzjen’. En eins ferbriek it de stilte net, ‘it hie der mear fan dat it út dy stilte opkaam’. (s. 15) De ofsier is musikus en tinkt dat der grutte dingen út ’e oarloch fuortkomme kinne. Syn hâlding komt sa’t er sels seit troch syn heit, dy’t tocht dat ‘lang om let de sinne oer Europa gloarje soe’ (s. 16) as Dútslân en Frankryk ien waarden, as man en frou. As de Frânsen mei harren superieure literatuer en de Dútsers mei harren geweldige muzyk de krêften bondelje soene. ‘En wy hawwe oarloch fierd tsjin elkoar! … Mar it is de lêste!’ (s. 21) Hy ferliket de oarloch mei it mearke fan Belle en it bist. (the Beauty and the Beast). ‘En de hate leit se by einsluten ôf’. (s. 23)
Wat sille wy by sa’n ferhaal grine om wat sleauwichheden yn it Frysk. Fansels, ‘Hy iepene himsels’ (s. 13) moat wêze: ‘him sels’, want it giet yn dit gefal net om it inerlik fan ’e ‘Hy’, mar om ’e doar dy’t er iependocht. En yn ‘Us heit seach dat Frankryk noch hieltyd laad waard’ (s. 16), moat laad út soarte laat wêze. En sa sit der hjir en dêr wol mear yn, mar dêr giet it net om. Von Ebrennac leit syn dreamen bleat en ferwachtet gjin andert. It swijen begjint de omkesizzer hieltyd swierder te fallen, de omke sjocht it oan it triljen fan har hannen. As de ofsier praat oer in Dútsk fanke dêr’t er mei ferloofd wie, brekt de tried dy’t se yn ’e nulle hie en krijt se dy hast net wer troch it each fan ’e nulle.
Yn ’e twadde helte fan ’e novelle, dy’t begjint mei in sitaat fan Shakespeare: ‘Put out the light – and then put out the light’ (Othello), wurdt beskreaun hoe’t Von Ebrennac weromkomt fan in pear wike Parys, dêr’t de gearfoeging fan Dútslân en Frankryk sletten wurde soe. In wike nei’t er werom is – se hearre him jûns ûnrêstich boppe omstommeljen – komt er krekt wer by harren yn ’e keamer. Yn Parys binne him de eagen iepengien, seit er. De Dútsers, mei dêrûnder syn bêste freon, binne der net op út om har te ferienigjen mei Frankryk, mar om it te ferneatigjen. ‘Wy moatte bouwe foar tûzen jier, dêrom moatte wy earst ferneatigje’, ha se tsjin him sein en se ha him de gek oanstutsen. (s. 47) It is om ôfskie te nimmen, dat er de keamer ynkomt. De omkesizzer gunt him foar it earst in blik yn har eagen. En ien wurd!
Yn it Frânsk is de tekst as toanieltekst brûkt, en ferfilme. Faaks dat dat ek de efterlizzende gedachte fan Piter van der Veen west hat by it oersetten, om de tekst yn it Frysk beskikber te meitsjen foar toaniel. De tekst, dy’t in bysûnder yntrigearjend byld fan húslik ferset én net te kearen minsklike ynteraksje jout, lient him dêr yn ’e Fryske oersetting grif ek treflik foar.
Vercors
In see fan stilte (Fryske oersetting fan Piter van der Veen)
ISBN: 978908954 438 4
Elikser Uitgeverij
Ljouwert 2012