
Wy ha rommelmerk hân. Dat is in soartemint fan kultureel heechstantsje dat al in fjirtich jier giet en dêr’t gjin bidboek fan is. En ek gjin draaiboek. Fan de opbringst kin de dirigint fan de brassband al rejaal in jier lang betelle wurde. Myn beskieden rol is û.o. te soargjen foar wat papiereboel mei prizen en oare nuttige ynformaasje. Moast doe’t de saak hong in lytse korreksje op oanbrocht wurde. Dat diene se yn it Frysk.
Us pleatslike gruthannel yn fleisguod hat in nije kuolauto. Dy brûke wy altyd fergees. Dy nije auto stiet alles yn it Frysk op oanjûn.
In Yndonesysk type hat in lokaal figuer hjir útsegene om’t dy har yn it Hollânsk oanspriek.
By it Grut Frysk Diktee wie it omsittend laach yn it skoft slim fernuvere oer de oanstelling fan in kursusorganisatrise by de Afûk mei’t der by har fan bekend is dat se har komselden yn it Frysk uteret.
Ynferno fan Dan Brown is ûnderwerp fan petear op ItNijs. Hja grize dêr fan it ferskuorrend minne Frysk. Dat is klearebare winst om’t wy ferwachtsje meie dat se no sels folle better Frysk begjinne te skriuwen, foarsafier’t se dat noch net diene.
De Fryske Marren bliuwt De Fryske Marren. Dat der is gjin ûndernimmer dy’t no it briefpapier nochris wer oanpasse moat en aldergeloks ek de belettering op it ridend, farrend en fleanend reau net.
De jongerein twitteret en docht omraak yn it Frysk. Dat wist ik allang want ik leau net dat ien fan harren it ea yn de holle helle hat my in berjocht yn it Hollânsk te stjoeren. Dochs is it aardich dêr no in befestiging fan te sjen. Wol nuver dat noch gjin inkelde Frysk-profesjonele-kulturele klub dat ‘sukses’ claimd hat.
Ik bin op fakânsje en ha de Mac mei. Feestboek kin my net rjocht teplak krije wat ik as in oerwinning beskôgje. Mei in Mac gjin gemiter mei firussen en oar ûnrant, mei it Frysk net mei de privacy.
By it UWV binne se út ’e skroeven oer myn sollisitaasjebrieven dy’t neffens har bûten alle regels om geane en ek net foarsjoen binne fan it oars min ofte mear ferplichte CV. Yn ien fan de lêste sinnen stiet dat ik eventueel ek wol Hollânsk skriuwe kin. Myn coach dêre is in Fries mei in bysûndere status: Stellingwarver.
It kin dan ek net oars as it komt hielendal goed mei it Frysk. Mei in bytsje goede wil soene jo it sels as in grut foarrjocht beskôgje kinne dat der yn de Frieslandhal in reservaat foar jonge Friezen en harren foarâlden komt. Al giet my dat no wer krekt wat te stoef.