Lezen voor de Lijst útwreide mei Fryske romans

logo.ensafh

Mei yngong fan tongersdei 8 maaie steane op de website Lezen voor de lijst no ek 32 Frysktalige romans. Dan wurdt de nije oanwinst presintearre op in leararebyienkomst op NHL Hegeskoalle yn Ljouwert. De list is gearstald troch in ûntwikkelgroep fan leararen Frysk en literatuerkenners. De projektlieding wie yn hannen fan de learare-oplieding Frysk fan NHL Hegeskoalle en Tresoar.

Lezen voor de lijst is ûntwikkele oan de learare-oplieding fan de RU yn Grins. Op de site steane Nederlânske en Dútske romans, yndield neffens lêsnivo. De website helpt learlingen by har kar fan boeken foar de lêslist yn it fuortset ûnderwiis. It mei doel en sin ferbetterjen fan de lêskompetinsje en it bewarjen fan nocht oan lêzen steane foarop. De site wurdt net allinne brûkt troch learlingen, mar ek troch âlden en bibleteekmeiwurkers en is ek tige gaadlik foar lêsgroepen.

Learlingen fine by elke titel ynformaasje oer de ynhâld fan it boek, de skriuwer, wat oantreklik en dreech is oan de roman en wat oaren der fan tochten. Der sitte ek opdrachten by fan ferskillende nivo’s. Foar leararen wurdt in wiidweidige didaktyske analyse jûn fan de swierrichheidsgraad fan it boek.

By de seleksje fan de Fryske titels is de klam lein op wurk fan nei 2000 fan auteurs dy’t goed yn de smaak falle by learlingen, lykas Jetske Bilker, Marga Claus, Ate Grypstra, Ferdinand de Jong, Hanneke de Jong, Auck Peanstra en Willem Schoorstra. De grutte nammen fan de neioarlochske Fryske literatuer ûntbrekke net. In oantal titels fan foar 1945 is opnommen mei it each op de eineksameneasken vwo. It projekt is noch net hielendal klear. Goed tweintich titels fan de list binne kompleet útwurke, de oare folgje foar de start fan it nije kursusjier. In oantal romans dy’t net mear leverber binne, sille yn it ramt fan it projekt op ’en nij útjûn wurde en ek opnommen yn de Digitale Bibliotheek voor de Nederlandse Letteren (dbnl). It leit yn de bedoeling om de list Frysk op termyn út te wreidzjen nei 50 titels.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *