12-05-14 presintaasje ‘Dach leave pake Durk’

logo.ensafh

Nij Tomke boekje
De Stifting Humanistyske Utfeartbegelieding yn Fryslân hat tegearre mei útjouwerij Afûk in Tomkeboekje makke mei as tema: it ferstjerren fan pake. De titel is Dach leave pake Durk.
Tomke is in foarlês- en taalstimulearringsprojekt yn it Frysk foar pjutten.

Ferhaal
Yn it ferhaal Dach leave pake Durk wurdt de pake fan Tomke siik. Uteinlik ferstjert hy.
Tomke makket in útfeart yn in krematoarium mei. Yn it boekje wurdt ferteld oer de lêste reis fan pake nei it krematoarium, de plechtichheid, it fuortglydzjen fan de kiste en it kofjedrinken mei foar de bern in gleske frisdrinken nei ôfrin.

Presintaasje
Op moandeitejûn 12 maaie 2014 presintearret de Stichting Humanistische Uitvaartbegeleiding yn Fryslân it nije boekje yn it Yarden Krematoarium yn Goutum. Oanfang programma 19.30 oere. Nei in muzikaal yntermezzo fan Marcel Smit en Gerbrich van Dekken sil it earste eksimplaar fan dit bysûnder Tomkeboekje oanbean wurde oan frou Lutz Jacobi, lid fan de Twadde Keamer foar de Partij van de Arbeid.

Hânrikking foar âlders by fertriet fan bern
Fan natuere wolle we bern beskermje tsjin fertriet. It docht bliken dat it wichtich is om bern te beheljen yn fertrietmominten, harren ta te rieden op wat se te sjen krije sille en earlik en dúdlik te wêzen as hja fragen ha. De Stichting Humanistische Uitvaartbegeleiding hopet dat dit Tomkeboekje dêrby ta stipe wêze sil.

Ynformaasje
Webstek: www.humanistischeuitvaart.nl E-mail: friesland@humanistischeuitvaart.nl

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *