
No’t wy dochs yn ’e buert wiene woe ik lâns Hoogeveen, dêr soene se it langste byld fan Europa hawwe. Dat herinnere oan de feart út de tiid fan de ferfeaning. Letter fanwege it groeiende tal auto’s dimpt.
Nei in setsje kriget men yn ’e gaten dat de ferhâldingen fersteurd binne: te breed, te heech, te leech, neat kloppet mear. Dan probearret men faaks troch werynrjochting, oanlis fytspaden en it plantsjen fan beammen de saak te rêden. Dat binne meastentiids lapmiddels dy’t de fisuele gaos allinne mar grutter meitsje.
Yn Hoogeveen hat in keunstner in wetterfal fan 200 meter al bochtsjend troch de Haadstrjitte oanlein. Wy koene dy Haadstrjitte net fine. Hiel de stêd stie fol boerden ‘niet inrijden’ en ‘omleiding’. Hieltyd belânen wy wer yn de nijbou. Doe kamen wy by in stikje grêft, mar dat like net op de wetterfal sa’t ik dy op ynternet seach. Marris sjen.
Ik stapte út en stie foaroer in boadskipperstas, seis meter heech, in keunstwurk, hoewol’t in soad Hegefeansters dat net leauwe wolle.
De priis wie wol dy fan in keunstwurk: 95.000 gûne. It begûn te reinen, nei hûs. In oare kear nei dy kaskade. Thús sykje ik noch even nei Hoogeveen op it ynternet, blykt dat dy tas oan it begin fan de Haadstrjitte stiet!!!
Yn Eastenryk sjochst in soad BILLA-supers, mei oan de gevel of op in peal in read/giele tas, prachtige objekten. Dy tas yn Hoogeveen hat inkeld kontoeren, is fierder leech. Perfoarst gjin oanrieder foar de middenstân. De BILLA-tassen dêr foaroer lykje bol fan ’e boadskippen te stean.