
Yn Tresoar, yn de Gysbert Japicxseal, hingje in soad skriuwersportretten fan de winners fan de twajierlikse Fryske literatuerpriis, Gysbert Japicxpriis; dy binne fan de hân fan de ferskate Fryske skilders.
In wiere ûntdekking binne de portretten út de kolleksje fan Tresoar dy’t yn it depot bewarre wurde fan bekend skriuwers lykas Abe Brouwer, Rink van der Velde, Hein Faber en in protte oaren.
In grut tal wurken binne fan de hân fan de bekende Fryske keunstner Sjoerd de Vries.
Anita van Os fan Galerie de Roos van Tudor hat de wurken út it depot helle en een brede eksposysje gearstald yn kombinaasje mei de samling fan har galery. Sa wurde âld en nij wurk njonken elkoar toand en binne ferskate bekende nammen fertsjintwurdige.
Spesjaal omtinken is der foar de mingde technyk en tekeningen troch Sjoerd de Vries. Dizze portretten wurde mei mekoar toand yn in kabinet yn de grutte exposysjeromte.
De útstalling rint fan 23 maaie oant en mei 30 augustus 2014 en is ûnder kantoartiden te besjen.
Tresoar, Bûterhoeke 1, 8911 DH Ljouwert.
www.tresoar.nl
058-7890789