
Ale S. van Zandbergen hat de nije priis foar Fryske debuten, de D.A. Tammingapriis krigen. Stifting FLMD hat it inisjatyf naam foar dizze priis, dy’t yn plak komt fan de ferlern giene Fedde Schurerpriis. De sjuery, ûnder lieding fan Simon Oosting, wie tige te sprekken oer de oare twa nominearren, te witten Klaas Rusticus mei syn De brimstige ingel, en Sipke de Schiffart mei de ferhalebondel Wat it is om bang te wêzen. Van Zandbergen syn roman Littenser merke kypte der neffens de sjuery lykwols út.

Foarsitter fan de sjuery Simon Oosting De symboalyske sjek fan € 3000,- is foar Ale S. van Zandbergen (rjochts). Willem Verf rikt de priis út.
Willem Verf, foarsitter fan de Stifting FLMD, hie yn syn taspraak krityk op Provinsje Fryslân, dy’t de Fryske literatuer de wichtichste boustien fan de Fryske taal achtet, mar dêr yn de praktyk mar in bytsje jild foar oerhat.
De priisútrikking trof kreas waar en wie op in moaie lokaasje, op ‘e Ljouwerter Nijstêd oan de grêft, tsjinoer boekhannel Van der Velde. It is faaks in goed idee, lykwols, om tenei earst in soundcheck te dwaan, want it meastepart fan de sprutsen en songen (Piter Wilkens) wurden wie net te ferstean.
It optreden fan Top Secreet wie fanôf de tribune alhiel net te folgjen, Tamara Schoppert en Aly Bruinsma fan Tryater hiene lykwols in net ûnaardige act.
By guon taharkers en omstanners hearske nei ôfrin de fraach: is it wol mooglik en rik dizze debutantepriis alle jierren út? Binne der tsjintwurdich wol genôch Fryske debutanten?
De redaksje fan ensafh lokwinsket Ale S. van Zandbergen mei it winnen fan de earste D.A. Tammingapriis!
https://www.youtube.com/watch?v=XeibajunXx4#t=213