
In fraach:
Tsja,
kinsto
in nachtliet fluitsje
op ’e wetterlieding?
Hy kin it!
Ut it fluwiel fan myn stim
snij ik mysels in kreaze swarte broek;
in giele jas út twa meter jûnsrea.
Mar hy dichtet dit:
Op ’e Reade See swalkje slaven
muoisum in galei roeiend.
En dan:
En dêr slacht harren fjoer flam as in liere
no’t de mûle reade lieten grimet.
It hert
wosken
yn ’e stoarmwyn Oktober
wat jout dat
om sinneûndergongen oan see.
Dat hert wurdt beroerd
fan it moaiste lânskip.
Neat oars wol it as dy,
Revolúsje allinne!
Mar ek dit:
Dêr donderet in hynder om.
In guds op ’e rêch!
Elkenien lake.
Ik allinne die net mei
en stapte út ’e kring.
Ik kom tichterby
en sjoch
yn ’e eagen fan de happe…
De strjitte dondere om
stie op ’e kop…
Hy seit it!
Ik bin de fleislik wrede
ut it himelske patroaneboek
ek folslein sêft –
gjin man, mar in wolk yn in broek.
Dy reus fan in Majakowski!
Myn pine allinne
wurdt fûlder
en ik stean
yn flammeskyn
op ’e brânsteapel
fan in leafde ûnfoarstelber.
Do bist fuorttein
nei de oare kant
om sa te sizzen.
Leechte…
Stoost tusken de stjerren om
mar fynst gjin kroech.
Nee Jesenin,
grapjeie falt net ta
as fertriet in minske
de kiel ôfsnijt.
Wat spaant my no
troch dy
yn ’e holle om?
Yn dit libben
is it gjin keunst
om te stjerren.
It libben
bouwe
is sa maklik net.