
Tsjêbbe Hettinga
Yn dizze ôflevering wurdt omtinken jûn oan de poëzy fan Tsjêbbe Hettinga. Ynternet giet de hiele wrâld oer en om’t de poëzy fan Tsjêbbe dat ek docht troch de oersettings fan syn wurk hat Piter Yedema in Ingelsktalich artikel levere, ‘The air of poetry’. Yedema besiket yn syn artikel in finger achter Hettinga syn poëzy te krijen en in yntroduksje derfan te jaan troch in ferbining te lizzen mei twa tragedys binnen de famylje Hettinga (‘My opinion is that Hettinga has always felt the horror of these events during his whole career as a poet, going from immediate expression to sublimation of it in his long poems of travels abroad.’) en mei Tsjêbbe Hettinga syn eigen blinens (‘Hettinga never thematizes the problems with his sight; no poem such as ‘On His Blindness’ came from his hand. And yet for the onlooker the problem permeates the whole of his poetry.’) It artikel is skreaun nei oanlieding fan it ferskinen fan Tsjêbbe Hettinga syn koartlyn ferskynde bondel Equinox.
Giftige simmer
Op freed 16 oktober wie de presintaasje fan it boek Giftige Simmer / Giftige Zomer. Yn dat boek meitsje in grut tal skriuwers, keunstners en fotografen har soargen oer de takomst fan Fryslân. Se rjochtsje har bygelyks tsjin de ôffaloven dy’t op it stuit boud wurdt yn Harns, tsjin de Heak om Ljouwert en de Sintrale As nei Dokkum, as sprekkende foarbylden fan hoe’t troch de Fryske oerheden mei it lânskip omgien wurdt. Letterkundige en histoarikus Goffe Jensma, heechleraar Fryske Taal en Kultuer oan ’e universiteit fan Grins, reagearre yn in lêzing by de presintaasje op it boek. Dy lêzing is opnommen yn dizze ôflevering. Jensma bringt yn de diskusje oer de hjoeddeistige problemen de histoaryske diminsje yn troch eardere teksten, fan Fancois HaverSchmidt en Joast Hidde Halbertsma nei foaren te heljen: ‘…alle teksten geane min ofte mear oer deselde problematyk, nammentlik oer de foaroerstelling fan it feilige, moaie ferline en de bedriging dy’t dat no troch de modernisearring ûnderfynt.’ En stelt er: ‘Wat wy faak te min sjogge is dat ús blik op it ferline as in ding dat driget wei te wurden, dat dat altyd in blik út it no wei is, en dat dy blik om dy reden ek hiel produktyf wêze kin. Wat wy der oer sizze, wat wy der oer skriuwe is út it no wei. En as jo dy kleau oerbrêgje wolle, dan moatte jo tekst ha, moatte jo ‘teksten’ meitsje – keunst, literatuer, politike pamfletten, polityk debat – dêr’t jo dy kleau hieltyd wer op ’e nij yn ûndersykje, beneame en betsjutting jouwe.’
Poëzy
De poëzy yn dit nûmer is fan Ruurdtsje de Haan. Yn it gedicht ‘Libbensbeam’ dichtet se: ‘Soenen se wol witte wolle / wa’t hjir my is yn dit hearehûs,’.
Ferhalen
Yn dizze ôflevering is in oersetting opnommen fan in ferhaal fan de Belgyske (Flaamske) auteur Frank Roger. Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer him.
Jouke Hylkema hat dizze kear in fakânsjeferhaal skreaun. Hylkema en de frou ha it goed foarinoar, mar ha de kofjemolke fergetten. Mar dat let neat: ‘Ik gong rjochtoerein sitten en seach de omboude seabird fan ’e Carleses op it platfoarm stean, wylst de rotorblêden stadichoan stil foelen. Buorfrou siet neist har piloat en hâlde gnyskjend in pakje echte Nederlânske kofjemolke omheech.’
Kollums
Willem Winters lies in boek oer keningLeopold II fan België en
wat komt dan om ’e hoeke: de Kongo. Skermer wijt him oan de Russyske dichter Vladimir Majakwoski (1893-1930).