Friduwih Riemersma

Loftich simmerboek

logo.ensafh

De nonfiksje simmerferhalen binne der wer! Glenn Greenwalds boek oer Snowden en de NSA, Monica Lewinsky har Vanity Fair-ferhaal oer har relaasje mei de machtichste man fan de wrâld en it manuskript fan Martin Bosma oer Mandela dat oeral sirkulearret diele it tema fan de underdog dy’t it – al as net by ûngelok – opnimt tsjin de macht, it rjocht en it gelyk. De wrâld fan de machteleaze inkeling is ien fan ûnkomplisearre sosjaal ûnrjocht en dêryn hawwe syn eigen hannelings nea ferkearde konsekwinsjes. Mar, hoe wiis at ik ek bin mei myn steapeltsje simmerlektuer, it makket myn âlde fraach aktueel: wêr bliuwt it boek fan presidint Pûtin? As net-skriuwer is Pûtin iensum yn de rige Russyske lieders. Jeltsin skreau twa boeken, Gorbatsjov hat mear as tsien publikaasjes op syn namme, foar’t er de polityk yngie wie Stalin in dichter en Lenin skreau boeken, brieven en essees sadree’t syn beslommerings mei it fuortfeien fan tsjinstanners it mar efkes talieten. Dus wêr bliuwt Pûtin fersus Elkenien, of Obama, neffens Pûtin, of beide yn ien bân, as Pûtin XL?

De wierheid is, it kin bêst wêze dat Pûtin al skreau doe’t er yn de widze lei. It is wis wol mooglik dat Pûtin in wiere dichter is, slûchslim ferklaaid as wannabe-diktator. Wy witte ommers neat oer Pûtins priveelibben; dat hâldt de eks-KGB-er knap geheim. De KGB sels, lykwols, wit gelokkich alles fan Pûtin. De KGB fergarre sels genôch ynformaasje oer de poëzy dêr’t Pûtin yn syn fyftjin jier wurk foar de KGB stadich de kelders mei folle, om it wurk snoad ferkeapje te kinnen op ferskate ynternasjonale feilings. Pûtin wist dêr fansels neat fan. Krekt tweintich jier letter soene in pear iere fersen opdûke yn de KBG Poetry for the People: “De bear is dea, in slaaf foar eare, / In offer swier, oan ‘t nodzjen, – dea!” Pûtin hie him deroer hinne sette kind at it besprek it wurk net subtyl neamd hie. Subtyl? Gjin inkelde wiere Rus is subtyl; Dostojevski net, Nabokov net en Kropotkin al hielendal net. Net allinne naam Pûtin daliks yn it iepenbier ôfstân fan syn Oade oan Myn Teddybear, hy soe it weromkeapje ek, wêr’t it ek wie. Dat foel ta. It lei by teddybearefabryk Steiff en dy woe it, foar genôch roebels, wol kwyt.

Net lang dêrnei komt der yn Taiwan in oar jeugdwurk fan Pûtin boppe wetter. It giet om cowboypoëzy, oer hynsteridende manlju mei bleate boppeliven. It hie net slim west at se it in bytsje Amerikaansk fûn hiene, ommers by Doktorow, Rand en sels Brodsky ûnderstreket dat just har wiere Russyske wêzen. Mar se beoardielje it cowboywurk as eksperiminteel en sûnder folkloare. Pûtin fynt dat in fersin en boppedat riskant foar syn imago fan wiere Rus. Ommers Gontsjarov skriuwt konservatyf en Sjolochov folkloare; sels Maria Stepanova’s moderne wurk is Russyske folkloare. Mar de Taiwaneeske útjouwer ferkeapet de cowboypoëzy graach oan Pûtin, foar in miljoen. In pear moanne letter ferskine yn in Syrysk fakblêd foar gemisy inkelde rigels fan konfesjonele sonnetten út Pûtins skoaltiid: “Ik / bin keard ta lieding ivich libjend, / dêrfoar gjin oerlis om yn te slomjen!” Dat Pûtin in fjochtersbaas wie yn de klas, dy’t dêrom gjin karriêre yn it partijkader ferwachtsje mocht, is âld nijs, mar ek bekommentariearje se de sonnetten as rasjoneel en serieus. Dat kin hielendal net; alle Russen binne grappich. Bûlgakov en Popov binne hilarysk en sels de patetyske Lermontov hat hjir en dêr by ûngelok wol humor. Pûtin keapet syn wurk op mei krityk en al.

Nei trije ferrassings hat Pûtin syn nocht. Lykas Stalin fynt er dat inkeld josels jo poëzy publisearje kinne, want oan in oar kinne jo it publisearjen fan wat foar teksten dan ek net oerlitte. Mar oars as Stalin hat Pûtin te meitsjen mei it ynternet, in CIA-projekt dat mar min nei Sibearje te ferbaljen falt. Nije wetten foar webkontrôle sille no wekje oer de feiligens fan elkenien. Mar op papier dûke opnij fersrigels fan Pûtin op, út in bondel poëtyske epigrammen oer mondiaal krisismanagement, dy’t se gearfetsje as ‘lokkich kin er better dichtsje’ en as persoanlik en yntym. It lêste is in grut misferstân fansels. Tsjernysjevski is ek net persoanlik of yntym en Feodor Swarovski likemin; sels Pasternak is ûnpersoanlik! Mar de epigrammen lizze op Kuba en foar genôch roebels begripe se it probleem. De resinsint krijt dien, Pûtin krijt syn wurk. Mar de ein is net yn ‘t sicht, tinkt er.

Yndie dûke no by publisisten oeral op de wrâld fersen op fan Pûtin. Hy wist net iens dat er sa hurd wurke hie yn syn spionnejierren by de KGB. Yn Amearika wurdt syn Epyk oer in Spion weromfûn. Neffens de krityk is it estetysk en keunstich stilearre – ûnmooglik by in wiere Rus! Babel, Gorki, ja sels Tolstoj offeret styl op foar ynhâld. Yn Austraalje ferskine yn in krante twa fersrigels út in kleisang oer frijheid fan mieningsutering, “En do, pen-bewapene aginten, / En folk dat har oanbidt as goaden,” en se sizze deroer dat it surrealistysk is. Mar dat bestiet abslút net want Russen binne realisten! Achmatova dichtet oer konkrete saken, Pûsjkin bliuwt by syn pûsjkiniaansk realisme en sels Gogol is ommers in realist. Gelokkich wurkje alle útjouwers, út lannen mei goede en net sa goede Russyske relaasjes, kreas mei Pûtin mei want se nimme Pûtins poëzy serieus. Fan syn alve horloazjes fan elts in heal miljoen hat Pûtin op it lêst noch mar ien oer, mar dan bliuwt it stil.

It sil presiis fiifeninheale wike duorje foardat der wer in stik Pûtinpoëzy opdûkt. It is in besprek fan syn lange pastorale elegy oer natuerbehâld, yn in krante yn in úthoeke fan Ruslân. Feitlik wie it wol aardige reklame foar himsels, at se it mar net fleurich, bliid en sûnder mankelikens neamd hiene, koartsein in loftich simmerboek. De grutste ûnsin! At dêr de CIA net efter sit! Hokker Rus skriuwt no loftige simmerboeken? Tûrgenjev net, Tsjechov net, sels Pussy Riot is net loftich en simmers. Pûtin lit de kranteredaksje ûntslaan en wol it wurk werom hawwe. Dat leit lykwols yn de klûs by de iennichste útjouwer dy’t him ferset. Syn lêste horloazje kin Pûtin net misse. Dus al falt it him swier, der sit mar ien ding op: op nei dy klûs, op nei de Krim.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *