Trûbadoersjûnen yn it Posthûs Teater op it Hearrenfean

logo.ensafh

It Fryske Boek bestiet 75 jier. Om dat te fieren is dit jier in tal ekstra aktiviteiten op priemmen set. Spesjaal foar elkenien dy’t op ien of oare wize oan de Sutelaksje meiholpen hat wurde op tongersdei 29 en op freed 30 oktober Trûbadoersjûnen hâlden. Dat sil wêze yn it Posthûs Teater op it Hearrenfean, de jûns om 20.00 oere. De fjouwer Fryske trûbadoers, Piter Wilkens, Gurbe Douwstra, Jaap Louwes en Doede Veeman hawwe op fersyk fan it jubilearjende Fryske Boek in nij program gearstald.

Foar de beide jûnen op it Hearrenfean binne noch kaarten beskikber. Dy kinne besteld wurde op telefoannûmer 058- 2343090 of fia de e-mail: ynfo@fryskeboek.nl

Tagong foar sutelers € 5,00 en foar yntrodusees: € 15,00.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *