15-11-2009 Poëzy yn Skipfeartmuseum Snits

logo.ensafh

Snein 15 novimber, om 15.00 oere is it Literêr Sirkwy yn it Skipfeartmuseum yn Snits.(Kleinzand 14) Sân dichters sille dêr optrede, ûnder mear Job Degenaar, Hein Jaap Hilarides en Yva Hokwerda. Foar it publyk is it in unike gelegenheid om yn ’e kunde te kommen mei sawol Nederlânsk- as Frysktalige poëzije, en fansels sil Henk van der Veer foardrage yn it Sneker stedsdialekt. Dêrneist sil de Fryske Trûbadoer Pieter Wilkens in priuwke jaan út syn repertoire fan harksankjes, meisjongers, libbenslieten en ienmâns rok ‘n’ roal. De presintaasje is yn hannen fan Edwin de Groot.

De tagongspriis is € 2,50 , foar museumjierkaarthâlders fergees. It Literêr Sirkwy is in rige foarstellingen mei alle kearen oare dichters en muzyk. De oare data binne:

Museum Joure op 28 jannewaris 2010 (gedichtedei)
Museum Belvedêre, It Hearrenfeen op 21 febrewaris 2010
Drachtster Museum, Drachten op 28 maart 2010

Mear ynformaasje: Edwin de Groot 0513-627779 of edgroot@tomaatnet.nl

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *