
Alle dagen oarloch yn it nijs. Even tocht ik dat de Russen dochs noch komme soene, dat NAVO-Luns dochs noch gelyk krije soe. Ik seach ynstoarte hûzen, deaden en ferwûnen om my hinne. Oarlochsfotografen leinen de ferskrikkingen fêst. Guon ferwûnen bliuwe yn libben en wurde oplape mei protezes fan allerhande soarte. Wat mear oarloch, wat flugger de ûntjouwingen op dit mêd. Dat bewiist in foto – WO I – yn it legendaryske Het Leven; in ploechje soldaten mei opstrûpte boksen lit sjen dat se mei harren keunstskonken wer biljarte kinne.
Bekend is it gefal fan de Frânske bokser Eugène Criqui dy’t yn de sjitfuorgen fan WO I syn ûnderkaak ferlear. It ferhaal giet dat in sirurch fan geitebonke en fleis út syn skonk in nije kaak fabrisearre. Nei ferrin fan tiid woe Eugène wer bokse. De sirurch makke doe in kaak fan stiel. Dêrmei waard er yn 1917 wrâldkampioen. In nije útdager betocht in list. Foar’t er syn hannen yn de wanten stuts dompele er syn omwuolle fûsten yn gips. Dêr hie Eugène net fan werom. Hy ferstoar yn 1977, 84 jier âld.
Aakliker, mar fassinearjender is it gefal fan in soldaat fan wa’t in grut part fan syn gesicht fuort sketten waard. Charlotte Mutsaers, dy’t de foto publisearre yn Kersebloed, meldt dat dy earder pleatst waard yn it fjouwertalige blêd Krieg dem Kriege, ‘dat na de Eerste Wereldoorlog werd uitgegeven met de ijdele verwachting dat de aanblik van zoveel gruwelen de mens wel wat pacifistischer zou maken.’
Ik stjoer in kopy nei Putin, baat het niet…