
Ynhâld
Redaksjoneel
John Bosma
Ramt
Thijs de Boer
Rindriuw
Oersetting: Geart Tigchelaar
Reinold van Oevering
te let
Piter Boersma
Alfred Lord Tennyson syn ferzje fan it graalferhaal
Geart Tigchelaar
Tweltsjes, in seleksje
Antje van Schepen
In read mûtske
Pier Boorsma
Sliepe
Geart fan der Mear
Ynlieding by de oersetting fan in fragmint út
De ûntsleine soldaat fan William Wordsworth
William Wordsworth
De ûntsleine soldaat (fragmint út The Prelude)
Oersetting: Geart fan der Mear
Geart Tigchelaar
blokje om
hinne en wer
Hein Jaap Hilarides
Stimd slik I
II
Octavio Paz
De brêge
Tekening
Oersettingen: Hindrik Wiebe Rinzema
Andries Miedema
Skipbrek
Spoekskip
De aak ‘Ferhoop’
Johannes Beers
De Stetson oan de kapstôk
Jia Dao
Sykje de hjerremyt, fyn him net
Oersetting: André Looijenga
Sjieuwe Borger
Pizzeria
Willem Winters
PERIO? Ja, Perio!
Redaksjoneel
Ik zapte der yn ’e Peaskedagen tafallich tsjinoan. In herhelling fan in dokumintêre fan ’e VPRO: Freakonomics. In Amerikaansk ekonomeduo stelt kreative ûndersyksfragen en komt mei ûnferwachte antwurden. Wêrom rûn it misdiesifer yn ’e Feriene Steaten yn ’e njoggentiger jierren fan ’e foarige ieu nei desennia fan groei net fierder op lykas de ferwachting wie, mar gie it just omleech? Harren antwurd: begjin sechtiger jierren waard in abortuswet oannommen yn ’e Feriene Steaten. Omdat it tal net winske bern omleech gie – en relatyf geane mear net winske bern, fanwegen in problematyske jeugd, letter it kriminele paad op – wiene der tritich jier letter minder kriminelen.
In logysk ferhaal, fûn ik en myn tinzen zapten nei de Fryske literatuer en it weromrinnend tal lêzers… Ik tocht oan wetten en krimineel hâlden en dragen, mar nee, ik seach gjin ferbân. Doe tocht ik oan it tanimmen fan ’e ferkeap fan Fryske boeken desennia oanien. Al dy boeken dy’t lêzen wurde moasten, want alle jierren brocht it sutelleger mear. Minsken kamen út it wurk en pakten in Frysk boek fan ’e steapel dy’t te wachtsjen lei op it swilkje fan ’e itenstafel en letter op ’e glêzen salontafel. De hiele jûn gie der mei hinne en se giene mei it boek op bêd. De Smearlappen, Frijende kikkerts, Foroaring fan lucht, Hjerst yn ’e Ardinnen, De Jacht, Heil om seil, It libben sels… Se foelen mei in boek yn ’e sliep en waarden der mei wekker.
Is it dan in wûnder dat der 50, 40, 30 jier letter gjin lêzers binne? Dy binne net berne, omdat… Sjoch de alinea hjirboppe. Fryskonomics! It is my wol dúdlik. It sukses fan doe is de earmoed fan no. Op ’e lange termyn moat de Fryske literatuer it, tink ik, benammen ha fan ’e nét-lêzers. We sille it sjen, oer 30, 40, 50 jier…
Janneke Spoelstra