
Kursussen hjerst 2014
Ein septimber 2014 begjinne de kursussen út it nije oanbod literêr skriuwen by Tresoar. It oanbod is dit jier rynsker as earder!
Proaza
Op de Skriuwdei fan 31 maaie wie genôch animo foar de kursussen fan Lida Dykstra en fan Jetske Bilker. Dy sille yn de hjerst beide in kursus fan seis jûnen fersoargje, resp. oer ‘ferhalen skriuwe foar bern’ en ‘ferhalen skriuwe’ yn it algemien. Marga Claus jout wer in kursus libbensferhaal.
Poëzij nije formule: Kuiper-Hut-Kampen en optredens yn De Bres
By de poëzijkursussen is de opset nij. Trije dichters – Elmar Kuiper, Arjan Hut en Elske Kampen – fersoargje elk ien kursusjûn. Meidoggers kinne los yntekenje op in workshopjûn, mear as ien kin fansels ek.
Op 27 novimber organisearret Melvin van Eldik yn ‘De Bres’ in Ljouwerter Poëzijjûn mei poëzij en muzyk. De trije dichters dy’t in jûn fersoarge ha trede dêr op en der is ek romte foar guon fan de kursisten om wurk hearre te litten.
Fryske literatuer
Teake Oppewal fersoarget yn gearwurking mei de Volksuniversiteit in kursus Fryske literatuer fan de 21ste ieu. Dielnimmers krije in oersjoch fan it literêre fjild, se lêze mei elkoar in karlêzing fan gedichten en in roman fan nei 2000. De kursus wurdt ek yn Grou oanbean, en nei nijjier yn Burgum en op It Hearrenfean.
Falbiledata (Deadlines) foar opjaan steane by elke kursus apart oanjûn.
Wachtsje net te lang. By oeryntekening is der in wachtlist.
Ferfolchkursussen
Ofhinklik fan de belangstelling foar de kursussen yn de hjerst sille yn de maitiid fan 2015 ferfolchkursussen oanbean wurde.
Mear ynformaasje
Mear witte? Jo kinne altyd kontakt op nimme mei kontaktpersoanen Petra Bierma of Teake Oppewal. Skilje mei tillefoannûmer resp. 058 – 789 0 740 of 058 – 789 0 789, of stjoer in e-mail nei it adres ynfo@tresoar.nl .
Sjoch foar it folsleine berjocht op sirkwy.nl