
Elk folk hat rjocht op syn eigen oanslaggen. Sa ha wy by de gearkomsten fan Tsjil altyd Tuc-koekjes mei aai. En de foarsitter krijt wyn. Sa’n flesse krijt er fansels net op want hy moat meast noch in loop fan de klaai nei de wâlden dwaan, dat wat net fertroud is nimt er mei nei hûs. Soks is protokolêr fêstlein, likegoed as dat it lêste punt fan de wurklist altyd is: ‘Ofwaaid praat’. Kom dêr yn oarstalige oarden ris om.
Fryslân, it bêste lân fan d’ierde. See, bosk, sân, moude en tige fruchtdragend: molke, tsiis, ierdappels. Dêr moatte jo wat mei! Dat no sil it ûnderwiis ek fruchtdragend wurde. De útfiners binne de roots al wat kwyt want ik leau net dat de PT der earder wie as de ierdappel en de meunsternimmer ek net folle koe sûnder molke. En ik wit wol dat ierdappelsuverders hjoeddedei folslein motorisearre troch it gewaaks jakkerje, wylst ik it noch yn de bealch haw fan de plestikene keunstdongsekken dêr’t jo, by it al neigeraden se folle wurde fan siik folk, kramp fan yn de hannen en bot lêst fan it skouder krije. Om it mar net te hawwen oer it gestroffel tusken de rechjes troch. De tiid bringt foarútgong en dêr kinne wy mei ús allen tige grutsk op wêze. Mar dat is wer wat oars as dat kontrôlefreakend Fryslân de berntsjes no teste sil sûnder dat se ek mar de kâns krigen hawwe wat te learen.
Tsja, it is wat begrutlik, mar hoe sille jo dat guon dy’t noch nea in trochsketten byt sjoen hawwe kwea-ôf nimme? Deselden dy’t net witte wat fiter is en fan bargegers tinke dat de karbonades dêr slij nei binne? As sokken it oer fruchtdragend hawwe dan wit ik net wêr’t it mei dit lân hinne moat. Sy witte dat fansels wol om’t se langer fan alles misbrûk meitsje dat dit lân opjûn hat.
Fruchtdragende molkbryfkes, dêr giet it de heareboeren om al witte se dan wer net dat it foarhinne wizânsje wie dat se dy – net sa fleurich-op – sels omparten. Soks moat harren yn de Kanon fan Fryslân dy’t ek yn it ‘fruchtdragend’ digitalisearringsproses opnommen wurde sil ûntkommen wêze. Dat is fansels in folks detail fan myn kant, dom arbeidersfolk hat no ienkear altyd wol wat te grinen.
It past allegearre yn de tiidsgeast. Sels by frou Klijnsma is it histoarysk besef dêr’t Bert Looper lêsten al sa’n mislike kollum op Omrop Fryslân oer hie boppe driuwen kommen. Frou Klijnsma wol ús wer nei de bou hawwe, yn guon oarden ek wol as folkstún oantsjut. Mar dan wit frou Klijnsma net dat it hjoeddedei net mear ferantwurde is om dêr lykas ús heit mei in alpinopet om te skarreljen. De earme man hat ek nochris in bekeuring hân fan de PT om’t er in heale meter ierdappels op itselde plak hie as twa jier earder.
Wit frou Klijnsma wol wêrom’t dat net mear kin? Om’t wy hjir no wynboeren hawwe, dat sa’n pet waait jo fan de harsens as it treft. Mar soks sil wol net oan ús bestjoerders bestege wêze. Dy tinke by wynboeren allinnich mar oan drank. En oan ôfwaaid praat. Dêr’t jo dan Piet Ademareedsjes fan krije, freeslike keunstwurken, Biltske brêgen dy’t net ûnderdogge foar de trochsneed Egyptyske piramide en ûnnoazele stikjes ûnlân dy’t by it Herderlik lantsjeferôverjen ûntstien binne. Der past noch gjin blomkoal op.
De dames en hearen bestjoerders libje as God yn Fryslân en binne ferdomd noch oan ta ek noch sa goed as folslein ynboargere mei’t de omkoalen gjin Hollânske oersetting fan ‘wynboeren’ betinke kinne dêr’t harren sûperij en it leech lizzen fan it folk ek mar in bytsje yn ta utering komt. De PT bestiet net mear as selsstannige organisaasje, mar ik tink werom oan dy man mei syn knyft dy’t by de earste de bêste fertinking in raam yn in ierdappel die. Dy man moatte wy werom hawwe. Dan kin er dat goare folk mei syn Herder kastrearje sadat it fruchtdragen oer en út is.