
Moai waar, lange dagen
Folle koffers, lege holle
Even útwaaie, brúnbakke, dweiltrochwiet reine
Einen fytse, fleane, ride – mei of sûnder sleurhut
Berchbeklimme, djipseedûke, of thús it eigen túntsje wjudzje;
Hoe’t jim de fakânsje ek fiere, in boek kin der altyd by!
Poëzij
Piter Boersma
Liet fan it fjild – Sineeske gedichten
Hispel, Wiuwert 2014
ISBN 97890 7415 6150
Ferkeappriis € 10,00
Earder yn Ensafh en foargongers ferskynd, no by-ien brocht: klassike Sineeske gedichten, oerset yn it Frysk en fan in yngeande ynlieding foarsjoen.
Hein-Jaap Hilarides & Hendrik Elings (skilderijen)
Stimd Slik
Uitgeverij Louise, Grou 2014
ISBN 97894 9153 6212
Ferkeappriis € 15,00
Biltsktalige poëzij fan de bekende dichter, proazaskriuwer en muzikant, begelaat troch skilderijen fan syn streekgenoat. Guon gedichten binne earder publisearre yn Ensafh.
Elske Kampen
Man en mem
Afûk, Ljouwert 2014
ISBN 97890 6273 986
Ferkeappriis € 15,00
Al wer de tredde dichtbondel fan de winner fan de Fedde Schurerpriis 2012. Moai, mei eigen byldzjend wurk, foarmjûne opfolger fan Fan glês it brekken.
Proaza
Froon Akker (Oersetting fan Hoe blond je aap – Froon Akker (2010))
In aap klimt út ’e beam
Eigen behear – e-book
ISBN 97890 8155 2011
Ferkeappriis € 4,95
Satiryske roman fan Koos Tiemersma, oer populisme, polityk en hjoeddeiske healwizichheden – no ek yn it Frysk.
Skelte Braaksma
De FKP revolúsje
Afûk, Ljouwert 2014
ISBN 97890 6273 9912
Ferkeappriis € 6,50
Stripferhaal oer in Grut-Fryske kommunistyske revolúsje útroppe, fan de jonge tekenaar dy’t yn 2012 by Perio debutearre mei De FKP, oer in oarloch tusken Friezen en Grinslanners.
Douwe de Graaf
Skeind ferline
Afûk, Ljouwert 2014
ISBN 97890 6273 9905
Ferkeappriis € 12,50
Debútroman oer in jongeman dy’t opgroeit yn it Drachten fan de jierren ’40, oer in ferswijd oarlochsferline en oer in needlottige misdied.
Joute de Graaf
Klaaibeien út Tunawert
[eigen behear, 2014]
ISBN 97890 8139 1139
Roman dy’t him ôfspilet yn it 15e-ieuske Ternaard, oer lust en leafde, en oer spanningen yn mienskip en tsjerke.
Josse de Haan
Frou mei mandoline op sofa
Afûk, Ljouwert 2014
ISBN 97890 6273 9936
Ferkeappriis € 17,50
Nije roman fan ien fan de wichtichste Fryske literatoaren. Neffens Arjen Hut “in spul fan oantrekking en ôfkear – it útinoar fallen fan in mienskip, húshâlding, houlik, persoan, oant de skynbere ein: de iensumheid”.
Dam Jaarsma (gearstalling Jurjen van der Kooi, mei yllustraasjes fan Peter Boersma & Hilda Groenesteyn)
Mearkes út ’e Wâlden
Bornmeer, De Gordyk 2014
ISBN 97890 5615 3250
Ferkeappriis € 29,50
In romme seleksje fan de troch Jaarsma (1914-1991) yn it easten fan Fryslân sammele folksmearkes is mei prachtige yllustraasjes ta in lêsboek gearbrocht.
Lois McMaster Bujold (oersetting Willem Sjoerds Janzen)
Yn it skaad fan de wolf
Elikser, Ljouwert 2014
ISBN 97890 8954 6289
Ferkeappriis € 24,50, e-book € 12,50
In fantasy-roman yn it Frysk! – Oersetting fan The Hallowed Hunt (2005), fan de suksesfolle Amerikaanske science fiction- en fantasy-skriuwster Bujold.
Anders M. Rozendal
It Sunhouse-mystearje
KFFB, Dokkum 2014
ISBN 97894 9197 1006
Ferkeappriis € 16,00 (foar leden € 9,00) – as Boek fan de Moanne: € 12,50
Boek fan de Moanne yn juny en july! — In roman oer déjà vu en déjà vécu: in frou rekket yn de ban fan benearjende dreamen, dy’t op bysûndere wize te krijen hawwe mei it 19e-ieuske Ingelân.
Non-fiksje / ferskaat
Eric Betten
Het boek van de Ee
Wijdemeer, Ljouwert 2014
ISBN 97890 8207 3898
Ferkeappriis € 25,00
Kultuerskiednis fan de Ie, it romrofte wetter tusken Dokkum en Ljouwert.
Erwin Boers
Klaarkamp, Middeleeuws klooster bij Rinsumageest
Uniepers Uitgevers, Hoorn 2014
ISBN 97890 8741 0292
Ferkeappriis € 15,90
Argeology en skiednis fan it faaks wichtichste kleaster fan it midsieuske Fryslân.
Jaap van der Boon
Het Baarsma Imperium – een handelsfamilie uit een ventersdorp
Wijdemeer, Ljouwert 2014
ISBN 97890 8207 3805
Ferkeappriis € 25,00
De skiednis fan inkelde bekende famyljebedriuwen fan de Westereen en omkriten.
Tjitske Eisinga-de Groot
Tjitske’s dagboek – Tjitske’s deiboek
Bornmeer, De Gordyk 2014
ISBN 97890 5615 3236
Ferkeappriis € 15,00
Oangripend egodokumint út de Twadde Wrâldoarloch fan in jonge frou, wa har man yn 1943 troch de nazi’s fermoarde waard.
Pieter de Groot
Het LEEUWARDEN boek
W Books/Historisch Centrum Leeuwarden, 2014
ISBN 97890 6630 5724
Ferkeappriis € 14,95
Ferhalen en plaatsjes út de skiednis fan Ljouwert.
Anselm Grün (oersetting Jacobus Knol (Frysk), Tjitske Hiemstra (Nederlânsk), mei foto’s fan Nienke van der Meer)
Wy, dy’t bidde
KFFB, Dokkum
ISBN 97894 9197 1013
Ferkeappriis € 10,00
In seleksje fan tsien gebeden fan de ferneamde Dútske muonts yn twa talen oerset.
Henk Herder
Efkes neiprate… over de middenstanders van Oudega (Sm.) vanaf de vijftiger jaren
[eigen behear, 2014, 236 siden, mei yllustraasjes]
Doarpsskiednis, skreaun oan de hân fan de ferhalen fan winkellju.
Jaap de Jong
De geschiedenis van de haven van Harlingen
Wijdemeer, Ljouwert 2014
ISBN 97894 9205 2001
Ferkeappriis € 9,95
Nederlânske oersetting fan in diel fan De Jong syn yn it Frysk ferskynde Seehavens en havenstêden (2013).
Rik Kuiper
Lieve meisjes, heel gewoon
Friese Pers Boekerij, Ljouwert 2014
ISBN 97890 3300 4520
Ferkeappriis € 14,95
It ferhaal fan Folkje en Tjitske de Vries, dy’t berne waarden as Siameeske twillingsuskes.
Bert Looper
Fristho ‘vooruitstrevende meubelen’ 1921-1978 – mid-century modern in Nederland
Bornmeer, De Gordyk 2014
ISBN 97890 5615 3267
Ferkeappriis € 25,00
De direkteur fan Tresoar fertelt jo alles oer Fryske design-meubels.
Johan R. Ter Molen
Fries Goud en Zilver – De geschiedenis van de Friese edelsmeedkunst in woord en beeld
Bornmeer, De Gordyk 2014
ISBN 97890 5615 3229
Ferkeappriis € 125,00
Blinkende boekwurken oer blinkende keunstwurken.
Pieter Winsemius
Het Koningsvaandel
Balans, Amsterdam 2014
ISBN 97894 6003 7481
Ferkeappriis € 19,95
Frisiofile rêverie oer Fryslâns grutske skiednis, troch de ferneamde âld-minister en genealooch.
Berne- & Jongereinboeken
Dick Bruna (oersetting Geartsje Douma)
Nijntje yn it museum
Bornmeer, De Gordyk 2014
ISBN 97890 5615 3076
Ferkeappriis € 6,00
In nij dieltsje Nijntje yn it Frysk.
Ingrid & Dieter Schubert
Der leit in krokodil ûnder myn bêd
Afûk, Ljouwert 2014
ISBN 97890 6273 9943
Ferkeappriis € 13,95
Printeboek oer de spannende dingen ûnder it bêd.
Marianna van Tuinen (oersetting Ytsje Steen-Buwalda)
De fjoerdiamant
Elikser, Ljouwert 2014
ISBN 97890 8954 6272
Ferkeappriis € 15,95
Fantasyrike reis nei it binnenste fan de ierde.
Audioboeken
Friduwih Riemersma, Tryntsje van der Steege, Eric Hoekstra
Klassikers yn de (Fryske) literatuer – Sirkwy Sympoasium ‘Alde Meuk?’
Lêzingen oer kanonfoarming yn de Fryske literatuer, benammen oer ús klassike 20e-ieuske romans, útsprutsen op it sympoasium yn Feanwâlden (12 april lêstlyn).
Audiofrysk, Easterwierrum 2014
ISBN 97894 6038 0952
Ferkeappriis 2 cd’s € 12,00, download € 6,00
En fierder…
Boek fan de Moanne –yn juny en july is It Sunhouse Mystearje fan Anders M. Rozendal noch Boek fan de Moanne, foar augustus en septimber is dat In kop as in almenak fan Elske Hindriks.
KFFB – Op kommende wei by de KFFB binne de jubileum-ferhalebondel It achtslaan wurdich en de roman Brief út it ferline fan Nelly Jongsma- de Jong.
Afûk – Ein 2014 ferskynt it boek Harlingen – Geschiedenis van de Friese Havenstad fan Meindert Schroor by de Afûk, “rijk geïllustreerd met oude en nieuwe prenten, foto’s, kaarten en plattegronden”. Foaryntekenje kin oant 10 oktober 2014, it boek kostet dan € 29,50 yn plak fan € 37,50.