Rein de Lange

Betiid

logo.ensafh

 

it is te betiid om my no al út de dream te draaien en myn plakje yn it radarwurk te besetten yn dizze kokon, fjouwer heech efter dekadint fersliten kleden fiert it oerwûn fakuüm feest wyld faleriaantreksel wurket út tusken beide earen brekt eltse tinzekronkel iepen mei de nacht dy’t my op reis naam nei nimfen betsjoenend op it dûnsdek rabjende seelju oan ’e swier yn moarnsrûzen falt de wjerstân fuort stjit ik it oertallige wer teplak bleau noch efkes lizzen ôfknapt wurch betink ik my: it is te betiid

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *