
Wy soene no mar ris trochsette en regelje in reis troch de USA. Dat wie noch gâns in wurk. Mar dêr woe ik it net oer hawwe.
Minsken dy’t ik no – no’t wy nei twa moanne en 9000 km en 3000 liter benzine werom binne – tsjinkom freegje: ‘Wat foel dy it measte op yn de USA?’ Dêr hoech ik net oer nei te tinken. It earste wat my opfoel doe’t wy bûten it fleanfjild Newark stapten wiene de ûnbidige trucks (mei oplizzers). Type Mack, mei fan dy enoarme snuten, mar inkeld in frachtwein sa’t wy dy kenne.
In soad lju ride privee yn in pick-up. Net dat se dy nedich hawwe foar it wurk, nee, dy pick-up tsjinnet as lûkbealich foar it mobile-home en dat home is meastentiids langer as tsien meter, wylst oan in trekheak noch in persoanewein bongelet. Stiet er ien kear teplak dan kinne guon kompartiminten útskood wurde. ’t Is allegear romte, mar oft dit noch wat mei kampearje te krijen hat…?
Nei in tal dagen sei ik tsjin Annek: ‘Sjochsto wolris in neger as gast op de kempings.’ ‘Nee, allinne om de boel skjin te hâlden, om de paden oan te feien, mar net efter de baalje.’ Yn al dy acht wike seagen wy ien swarte frou en ien swarte man. Al gau die bliken dat harren oare helten wyt wiene. Dat makket jin blykber geskikt as kempinggast.
Trouwens, yn it iepenbiere libben – sa as wy der as toerist yn omrinne en part fan útmeitsje -, sjoch ik folle minder swarte minsken as ik ferwachte. Hoe kin dit? Slavernij? Diskriminaasje?
In oar punt is de byldfoarming; ik kaam ta de ûntdekking dat earne yn myn tinken in byld fan ynfloed wie, dat sei dat de ferdieling blank-swart 50%-50% wie. Hoe kom ik dêrby? Soks is is fier besiden de wierheid, sa learde ik fan ynternet! Foar de hiele USA jildt dat 80% blank is en 12% Afro-Amerikaansk. Ja, sa falt de ôfwêzichheid fan negers te begripen.
Der is fansels folle mear dat opfalt. Hjir wol ik allinne noch neame de fouten dy’t Amerikaanske technisy meitsje by de oanlis fan brêgen. In brêge moat los lizze om neigeraden it waar út te setten of te krimpen. Dat betsjut dat as jo yn in auto oer wat foar brêge dan ek ride jo de oansettings hearre en fiele. Tik-tok, klinkt it. Jo bannen, skokbrekkers en hydraulyske systemen fange dat wol op. Teminsten, dat giet op foar Europeeske en Japanske auto’s. Sa net yn de USA, net ien brêge leit op itselde nivo as de direkte omjouwing. Heger of leger. Mar nea yn itselde flak. Dus, bonk-bonk… bonk-bonk, gjin brêge dy’t net bonkt.
Mear opfallende saken in oare kear; sa as wat stiet der op ’e buordsjes en freonlike lju dy Amerikanen en behelpsum!