Piter Boersma

Molwrot 21 en 22

logo.ensafh

Feuilleton

21

No’t Paul der ek wie, bestelden se nochris in Pisco Sour, de ynlânske cocktail.
As foargerjocht keazen se sileenske sop mei kabeljau en kokkels, moksels, krab, garnalen en coquilles en as haadgerjocht tonyn, de eksoatyske kana kana en in skaaltsje mei seefruchten. Se namen der de wite wyn by dy’t Paul dêr al earder dronken hie.
‘Dat wy no fisk ite sille op Peaske-eilân, dat harmoniearret, dat is moai,’ sei Paul Mols, ‘mar oars, ik swar by heterogeen en by dissonant. De Midden-Europeeske Mahler spylje op Peaske-eilân en it ûnder it iten fan fisk hawwe oer Mahler neam ik heterogeen. Lykwols, in fûgel ite en tagelyk hielendal út ’e skroeven wêze oer it staljaan oan fûgellûden dat er docht, is it ek. Mar heterogeen en dissonant, dat iepenet, lit sjen. Troch it hearren nei Mahler syn muzyk barst yn my altyd de iene húl nei de oare.’
‘Dat docht Monteverdi syn muzyk by my ek,’ sei Seleina.
‘Ja,’ sei Paul, ‘mar dy muzyk bringt jin yn de sande himel.’
‘Dat docht Mahler syn muzyk ek,’ sei Seleina, ‘Mahler lit dy dochs iepen barste en dat is foar dy dochs ek de sande himel.’
Paul lake en sei: ‘Dêr hast my. Teminsten… Ik sil der oer neitinke. Krimmenikus, ik bin benijd hoe’t dyn útspraak myn persepsje fan Mahler dizze wike beynfloedzje sil.’
‘Bisto sa gau te beynfloedzjen?’
‘Dat wit ik net. Mar ik hoopje al dat ik as muzykwittenskipper en muzykkritikus de nedige fleksibiliteit yn hûs ha.’
‘Wat oars,’ sei Alexander, ‘do bist hjir allinnich. Wêrom hast dyn frou net meinommen?’
‘Wat in fraach!’
‘Dêrom krekt. Ik tink, ik doch ek even heterogeen.’
‘Ik bin troud mei de muzyk,’ sei Paul, ‘ik ha wol in frou hân, in fluitiste.’
‘In fluitiste,’ sei Alexander.
Paul lake en sei: ‘Ja, ja, muzyk is foar my it meast sinlike watst betinke kinst. Wa’t op ’e fioele spilet strykt mei in fingertop oer myn rêchbonke.’
‘Der gean wrâlden foar my iepen,’ sei Alexander.
‘En foar my,’ sei Seleina, ‘ik leau dat ik my moarntejûn by it konsert útklaai en neaken yn it gers lizzen gean te harkjen.’
Se klonken nochris op Peaske-eilân, de mo-aibylden en de Mahler-konserten.
‘Ik ha in idee,’ sei Seleina, ‘en dat is dan wer mei de klean oan. Wy soene alle trije nei ôfrin fan elk konsert in pear rigels of in hiel kûplet út ien fan ’e lieten dy’t songen binne, kieze moatte.’
‘Dat is in goed idee,’ sei Paul, ‘mar it liket my ta dat by elk konsert hieltyd ien fan ús syn rigels neame mei. Dat is genôch.’
Alexander woe ha, dat Günther Vogel en Li Juyi dan ek meidwaan moasten, want dy liken alle teksten út ’e holle te kinnen en soene it spultsje fêst prachtich fine.
‘En dan wit ik noch wat,’ sei Paul, ‘nei ôfrin fan elk konsert mei ien fan ús sizze hokker diel fan de spile symfony him it measte sein hat.’
Der kamen guon it restaurant yn en dy hiene it oer wat se krekt sjoen hiene, dat op ’e strjitte twa manlju troch de polysje oppakt wiene. Seleina, Alexander en Paul seinen neat tsjininoar, Paul gong allinne even nei bûten om te sjen en it wie sa, de twa manlju dy’t him oansprutsen hiene by Orongo en dy’t er niis yn ’e strjitte stean sjoen hie, wiene der net mear.
‘Ik meitsje my der sa te sjen drokker om as jim wylst it dy manlju om jim te dwaan wie. Mar jimme hoege neat te sizzen.’
‘Nee,’ sei Seleina, ‘wy binne hjir mei fakânsje en no tagelyk ek besikers fan it Mahler-festival en dat lêste gegeven hat makke dat wy hjir no mei dy sitte te iten.’
‘Mar der is rûs op ’e line,’ sei Paul, ‘en dêr kin ik min oer.’
‘Do hoechst dy der net drok om te meitsjen,’ sei Alexander.
‘Do bedoelst, dat dogge jim wol.’
‘En wy dogge der alles oan,’ sei Seleina, ‘om in rêstige fakânsje te hawwen en genietsje te kinnen fan Mahler. En no sân deroer.’
Se tocht oan in fakânsje dy’t se allinne trochbrocht hie yn Súd-Spanje net fier fan Malaga ôf om har fjirtjin dagen lang fan alles ôf te sluten, nei’t se in hiermoardner yn Argentinië de opdracht jûn hie om James Piazolla, har hannelsagint dêr, te likwidearjen. Ut it hotel wei koe se sa nei it strân ta rinne, dêr’t se alle dagen oeren oer de rêstige Middellânske See sitten hie te sjen. Se fielde tsjin har rêch wer de stiennen fan ’e antike in bytsje taps tarinnende rûne toer dêr’t se meastentiids tsjinoan sitten hie. It hiene fjirtjin dagen west dy’t se foar har gefoel yn swevende tastân trochbrocht hie. En se hie allinne mar tinke kinnen oan de moard dy’t se sels begien hie en oft it ek oars rinne kind hie. Wie it mar oars rûn! Wêrom wie se net by de seedyk oprûn doe’t de gedachte om dat te dwaan by har opkommen wie? Om’t se fêstbesletten, om’t se dûm wie. Se hie ûnderweis ek hieltyd tocht, as ik mar hiel fûleindich tink, dat gjinien my sjen mei, dat dan ek gjinien har sjen soe.
Alexander en Paul praten mei-inoar, krekt salang oant it harren beide opfoel dat Seleina stil wie. Doe die Alexander de hân ûnder de tafel en drukte der lichtsjes mei op har boppeskonk en wilens draaide er syn gesicht nei har ta. Seleina seach him doe oan en op har gesicht ferskynde in glim.
‘Is der wat?’ sei Paul, ‘ja, der is fêst wat, mar goed dat giet my net oan.’
Seleina sei: ‘Nim my net kwea.’
‘Ik bin nijsgjirrich,’ sei Paul, ‘dat is faaks in ferfelend trekje oan my, mar dat is no ien kear sa? Seleina watfoar wurk dochst, wat is dyn achtergrûn?’
‘Dat sil ik dy sizze Paul. Ik sit yn ’e ynternasjonale wapenhannel en dêr hâldst dy stil oer, oars silst dit eilân ferlitte yn in lykkiste.’
‘Ik bin al stil,’ sei Paul en nei in pear tellen: ‘Ik hâld altyd de wâl op fan Alma Mahler. Ik bûch foar har gesichtspunt of foar hoe’t sy it sjen woe, harsels foar ús neilitte woe. Wat se skriuwt hâldt in oanklacht yn. It giet om de posysje fan de frou yn de troch de man oerhearske wrâld, dêr’t de frou allinne mar tsjinstich, in gebrûksfoarwerp yn wêze mei. Se wit dat se allinne troch fan ’e man gebrûk te meitsjen sels in oerhearskjende posysje ynnimme kin en dat wurdt har troch de man kweaôf nommen. De manlju haatsje har om’t har libben harren in spegel foarhâldt. It bewiis foar de stelling fan de manlike haat of, foarsichtiger útdrukt, it manlik perspektyf foar Alma Mahler oer wurdt levere troch Mahler syn biograaf Henri Louis de la Grange. Hy is oan syn stúdzje begûn om wat Alma oer har man en harren relaasje op papier set hat.’
‘Ja, ik ha it lêzen. Ik fûn it frappant,’ sei Alexander.
‘Ik sil jim noch wat lêze litte fan myn eigen hân,’ sei Paul.
Hy joech Seleina it fel papier mei de oantekening oer.

Der stie dit op: Wat is der mis mei Alma Mahler? Neat. Se moast har plakje yn ’e wrâld befjochtsje. En al dy mânlju dy’t se hân hat wiene sljocht op har. Mei har op bêd wie ek harren grutste oerwinning. Al soe wat se opskreaun hat ek fertekene wêze, it wol jin oan en it nimt jin foar har yn. It is ommers neat oars as it libben sels dat se opskriuwt. ‘Yn ús saneamde ferlovingstiid wie Gusta Mahler gauris in moai skoft foar gastdireksjes yn Berlyn en Dresden, en dan wurke ik yn Wenen mei Zemlinsky oan myn komposysjeoefeningen. Sa stjoerde ik Mahler in kear in koartere brief as oars, mei de opmerking dat ik gjin tiid hie foar in langere brief, om’t ik wurkje moast. Dat wie de oarsaak en it begjin fan in lange perioade fan lijen foar my. Mahler easke yn in brief dat ik fuortdaliks ophâlde moast mei myn muzyk, en dat ik allinne foar dy fan him libje soe… De askeze dy’t men jinsels opleit is goed, mar dy’t men op befel op jin nimt, sa’t dat yn myn houlik mei Gustav Mahler barde, kwetste my oant de grins fan it draachlike… Gustav Mahler dy’t troch allerhanne lichaamlike kwalen in te hite motor wurden wie of ien dy’t samar yn mâlens útbarste koe. Doe’t ik mei him yn ’e kunde kaam, wie dêr al neat mear oan te feroarjen. Syn swak gestel lei er it swijen op mei in razend wurktempo en in ivich op ’e loer lizzende earsucht. Nea en nearne hie er rêst. Oeral achterfolge him de eangst: “Wurk dat ferlern giet!” Dreaun, opjage troch de ûnsichtbere jager Dea – sa koe ik him de tsien jier dat ik mei him libje mocht. Us libben wie allinne ynsteld op syn wurk en syn sûnens, en as wist er dat er jong stjerre soe, stie er himsels gjin reis ta, gjin fakânsje, mar droech er dit libben fan swier wurk oant er der oan ûndertroch gong. As se him as bern fregen wat er wurde woe, antwurde er fuortdaliks: “Marteler.” Dit wûnderlike houlik mei Gustav Mahler, dit abstraktum, hat my de earste tsien jier fan myn bewuste libben suver hâlden. Ik hâlde fan Mahlers geast, syn lichem wie in skim foar my. Yn 1907 hie Gustav Mahler syn jonge freon Ossip Gabrilowitsch foar my meibrocht, en myn doelleaze gefoelens rekken fertize mei dy fan dizze jonge man. It spruts fansels dat wy wat fereale opinoar waarden… Gabrilowitsch gong nei dizze iennichste tút, mar hieltyd as wy inoar wer seagen, wie de grutte striid der ek. Wy hâlden lykwols safolle fan Gustav Mahler, dat wy net op it idee komme kind hienen om him ûntrou te wêzen. Mahler wist neat fan dy inerlike striid fan ús, en syn grutte leafde soe it noch begrepen, noch oankind hawwe… Wy praten oer Gustav Mahler en syn striid om himsels te befrijen fan it joadedom, en Strygowsky sei: “By Mahler tsjûge elk wurd fan minsklikheid, nea allinne ferstân. Mar ferjit net hoe’t jo him dêrby holpen ha! As jo by him wiene, like it wol oft er lichter wie. Ik seach him ris mei Schönberg en dy syn learlingen folslein yn it tsjuster ûndergean.” Ik trille fan freugde, want dat hie ik altyd field. Mar it makke my lokkich dat ik it no einlings fan immen oars hearde. Lichter ha ik him makke! Myn libben mei him wie dochs in ferfolle opdracht.’ Ja, it is my wat! Gustav Mahler gong foar syn ambysjes en Alma wie ien fan de betingsten om se wiermeitsje te kinnen en Alma woe dy betingst ek wêze. Sa koe se harsels ek delsette yn ’e wrâld. Gustav Mahler wie dêrfoar in betingst, mar se die harsels dêr tagelyk tekoart mei. Wylst dat alhiel net wrong by Mahler, die it dat by Alma wol.

Se hiene it iten op en de betsjinster kaam del om de tafel ôf te rêden en te freegjen oft se ek wat nei ha woene.
Se keazen alle trije foar fanille-iis mei sitroensaus en kaniel. En op fersyk fan Paul namen se as ôfsakkerke noch in konjakje, dat wol sizze hy en Alexander, dy’t dy drank noch nea hân hie. Seleina naam in Amaretto.
Doe’t se bûten it restaurant stiene, praten se ôf, dat Paul de oare deis Günther Vogel en Li Juyi fan harren plannen op ’e hichte bringe soe, want it like Seleina en Alexander net goed ta dat se har wer yn it hotel dêr’t se út weiflechte wiene sjen lieten.

De oare deis fytsten se net troch Hanga Roa, mar eastom om it fleanfjild hinne en tusken it fleanfjild en de fulkaan Ranu Kao troch om oan ’e súdwestkant by it kultusplak Orongo te kommen. Alexander hie dêr de moarns earst op fersyk fan Seleina noch wat oer opsocht. Aparte mytyske ferhalen sprutsen har oan. Se kamen earst op in flak stik dêr’t de stienhuzen stiene – platte, hutachtige ûnderkommens fan steapele platte stiennen, mei in plat mei gers begroeid dak en in smelle, lege yngong – dy’t de ûnderkommens west hawwe soene fan de jonge manlju dy’t foar de lieders fan de ûnderskate klens meidiene oan in jierlikse wedstriid, dêr’t it der by omgong wa’t it earst in aai fan de bûnte stirns fan in eilantsje foar de kust helle. Se rûnen tusken de grize rotsen troch nei it plak op de hege klip fan it eilân dêr’t se sicht hiene op twa eilantsjes en in dêrfoar lizzende rotspunt yn ´e djipte. Peaske-eilân stuts op dat plak sa’n 250 meter boppe de see út. Fan it grutste fan ’e twa eilantsjes, Moto Nui, moast it aai helle wurde. De dielnimmers oan ’e wedstriid moasten by de steile rotsen del sjen te kommen, nei it eilân swimme, in aai pakke, weromswimme en wer by de steile rotskust opklauterje nei Orongo. Dat wie op himsels al in gefaarlike ûndernimming mar de oanwêzigens fan haaien soarge noch foar in ekstra gefaar. It spiet Seleina dat it gebrûk net mear bestie.
‘Ik wol hjir even sitte,’ sei se, ‘en Alexander, helje do ris sa’n aai foar my fan dat eilân.’
Wylst se nei de eilantsjes seach, tocht se oan it ferfolch fan it ritueel. De klenlieder fan de jongeman dy’t as earste mei in aai boppe kaam, waard foar dat jier de fûgelman. Dat hâlde yn dat er de holle keal skearde, syn neilen groeie liet, him net mear wosk en foar dat jier, yn ôfsûndering libjend, de fertsjintwurdiger wie fan de skepper/god Make Make foar it hiele eilân.
De gedachte oan dat jier yn ôfsûndering besette har liif om’t it har sa ticht by harsels brocht. Se hâlde derfan om allinne oan see te wêzen, dan fielde se harsels sterk, koe se it oan om harsels te fielen, dan koe se alles hiel tichtby har komme litte. Mar it moast net te lang duorje, dan moast se, as se woe of net, op ’e nij de wrâld yn flechtsje.
Se stie der noch altyd achter dat se dy man dêr yn Peazens fermoarde hie, mar doe’t se dêr lêsten mei Alexander west hie en tsjin har neef oanrûn wie, hie se ynienen bang west dat er har samar plompwei freegje soe hoe’t it mei har gemoedsrêst wie. Gemoedsrêst, hieltyd moast se dat wer befjochtsje.
‘Wat seist?’ sei Alexander, ‘sille wy wer?’
‘Ja, ik kom. Genietesto ek sa fan de wyn troch dyn hier?’
‘No’tst it seist fiel ik it ek.’
‘Wat hasto it lêste kertier tocht?’
‘Neat bysûnders, leau ’k. No ja, dat ik my frij fiele moat, dat dat hjir no kin. En dat ik bliid wêze moat dat ik hjir mei dy bin.’
Se rûnen noch wat om en seagen nei de rotstekeningen fan fûgelmannen en bûnte stirnzen.
Seleina krige Alexander by de hân.
‘Witst’ sei se, ‘rituelen lizze de saak bleat.’
‘Wat leit dy fûgelmankultus dan bleat?’
‘Ik bedoel it oars. Rituelen yn it algemien lizze jin bleat.’
‘Sprekst yn riedsels.’
‘It hat gjin doel om konkreet te wurden, want dêr giet it net om.’
Seleina skôp in stientsje fuort.
Se sei: ‘Ik wol neukt wurde.’
‘Troch my dan hoopje ik?’
‘Net perfoarst troch dy. Eins troch in Rapanui. Troch sa’n jongeman dy’t mei syn stirnze-aai tusken de haaien troch swom en mei it aai op ’e holle hielhûds by de steile klip fan Orongo opklautere is. Ma dat is ûnsin, do bist ek goed genôch, do bist hielhûds út ’e oarloch kommen. Mar no sil ik dy wat sizze. Juster, doe’t wy troch Hango Roa fytsten, seach ik yn it foarbygean in taksysjauffeur út ’e auto stappen en doe tocht ik, dêr soe ik wol in dei mei omride wolle. It komt my no ynienen wer yn ’t sin.’
‘Dy man foel my ek op,’ sei Alexander, ‘ik kin my der alles by foarstelle.’
‘As ik him wer sjoch,’ sei Seleina, ‘wol ik him freegje oft er it ek spitich fynt dat de fûgelmankultus net mear bestiet.’
‘Doch dat.’
‘Do moatst my no yn ’e earms nimme.’
‘Hjir, ûnder de blauwe loft?’
‘Nee, til my sa’n stienhûs yn. Nim my dêr en lit my dêr dan in jier lang sliepe.’

22

Se lieten har dy jûns yn in taksy nei it konsert yn de krater fan Rano Raraku ride en troffen dêr daliks al Günther Vogel en Li Juyi oan.
‘Wy dogge mei, hear,’ sei Günther.
It gong oer de spultsjes dy’t troch Seleina en Paul betocht wiene.
Doe seagen se Paul op harren ta kommen.
‘Ik bin hjir de hiele dei al,’ sei er, ‘en ik kin jim fertelle dat De la Grange der ek is. Ik ha mei him praat. Nee, wy ha it noch net oer Alma Mahler hân. Mar ik tink ek net dat dat barre sil, of hy soe der op út wêze moatte, ik bin dat yn alle gefallen net. Alhoewol. Ja, ik bin hielendal oerémis.’
It orkest hie in plak krigen by de mo-aibylden. It publyk in heger plak. Oer it orkest hinne seach it publyk út oer de mar yn ’e krater.
‘Hat De la Grange noch bemuoienis hân mei it programma?’ sei Seleina.
‘Ja, it konsept is fan him, mar mei de lokaasjes hat er him net bemuoid en wol om’t er Peaske-eilân net koe. Neffens him wie ek net besocht om mei de lokaasjes by de programma’s oan te sluten. Dat hie ik sels ek al tocht. Mar elk sil foar himsels wol in ferbân betinke.’
Se sochten nêstinoar plak en Seleina frege, nei’t se even mei Alexander flústere hie, oft se tusken Günther Vogel en Lo Juyi yn sitte mocht. Se laken breedút dat it mocht.
Doe’t se sieten, sei Günther: ‘Prachtich, dy mar. By it begjin fan it fjirde diel sil it oerflak fûleinich bewege as gong der in stoarmfleach oerhinne en him dêrnei mei de muzyk wer deljaan en dan sjogge wy dat der in hân ta útstekt, dy’t in út ’e loft wei dûkeljende dirigearstok grypt, de hân fan Mahler. Muzyk en it boppenatuerlike hearre foar my byinoar.’
Op dizze earste jûn stiene nêst de earste symfony de trije lieten foar Josephine Peisl en ‘Das klagende Lied’, ek trije lieten, op it programma.
Doe’t pianist Antoine Daumier en bariton Richard Holmes it liet ‘Maitanz im Grünen’ ynsetten, lei Seleina Günther Vogel en Li Juyi in hân op it krús. Se hearde harren gnoarjen. En doe’t Benitoz song ‘Wer ein liebes Liebchen küßt, / Wie glücklich der ist!’ makke se mei de fingers in pear subtile, gripende bewegings. Oan ’e ein fan it liet luts se de hannen stadich werom, liet dêrby in djippe sucht en stuts se dêrnei by it ferheftige begjin fan ‘Im Lenz’ heech tusken har skonken en knypte se hast fyn. By it ‘Winterlied’ pakte se Vogel en Li harren hân en lei se fêst yn harres op har knibbels.
Doe’t Alexander ûnder it earste diel fan de symfony beide kanten oer kipe, seach er dat de oare fjouwer de triennen yn ’e eagen hienen en tocht er by himsels, is dit de tragyk foar of nei de ekstaze?
Nei dat rêstige earste diel wie it skoft.
‘Ja,’ sei Li Juyi, ‘dat wekker wurden fan de natuer, al dy subtiliteiten.’
‘Mar dy fanfareklanken der tuskentroch,’ sei Günther Vogel, ‘dan gûl en laitsje ik, hear.’
‘Dat gûlen, dat ha ik sjoen,’ sei Alexander, ‘fan jim alle fjouwer.’
‘Fan ús alle fjouwer?’ sei Seleina.
Ja, ja,’ sei Paul Mols, ‘de himel, hin, de himel!’
‘Dan kin it ferfolch fan dizze jûn en ek al dy oare konserten allinne mar ôffalle,’ sei Alexander.
Doe sei Seleina: ‘No Alexander, wat binne dyn favorite lietrigels? By elk spultsje moat ien begjinne. Moarn is Li Juyi oan bar.’
Alexander krige it tekstboek derby en sei nei in pear minuten:
‘It earste kûplet “Waldmärchen”:

“Es war eine stolze Königin,
gar lieblich ohne Maßen;
kein Ritter stand noch ihrem Sinn,
sie wollt’ sie alle hassen.
O weh, du wonnigliches Weib!
Wem blühet wohl dein süßer Leib!”’

Seleina seach him oan en tute him.
‘Do doarst wol, Alexander,’ sei Paul Mols, ‘mar it kin lije sa’t it skynt.’
‘Ja, ja,’ sei Günther Vogel en doe dronken se fiversom in glês wyn.
‘Alles goed en wol,’ sei Seleina, ‘mar jim kommentaar fyn ik wol te frijpostich.’
Paul en Günther ferûntskuldigen har en Li Juyi makke fan skrik in bûging Seleina har kant út. Om de loft te suverjen joech se de trije manlju ek in tút.
Doe’t se nei it skoft harren plak wer opsochten, wiisde Paul Mols harren op Henri Louis de la Grange, in noch fitale en kreaze tachtiger.
Seleina boarte daliks mei de gedachte om him te ferlieden. Soe se him nei ôfrin fan it konsert oansprekke en de rol fan manljusferslynster oannimme, foar De la Grange wêze wat neffens him Alma Schindler foar Gustav Mahler en har oare feroveringen west hie? Doe fielde se dat har gesicht beluts.
‘Hast wol gelyk, hear,’ sei se tsjin Alexander, ‘ik bin net de ferliedster mar de moardster fan de man.’ Se seach dêr fûleinich by.
‘Rêstich mar,’ sei er, ‘it giet sa’t it giet, it komt sa’t it komt.’
Nei it fleurige twadde diel en it feestlike tredde kaam by it úteinsetten fan it fjirde diel de mar yndie yn wylde beweging en doe’t de muzyk dêrnei yn rêstiger farwetter kaam, stuts der, krekt sa’t Günther oankundige hie, in hân boppeút en foel dêr út ’e loft wei in dirigearstok yn. De hân hoegde net mear te dwaan as de fingers deromhinne te sluten.
Paul mocht fan Seleina nei ôfrin sizze hokker ûnderdiel fan it konsert him it measte sein hie.
‘Wêr’t myn lichem it meast troch grepen waard, kin ik better sizze,’ sei er, ‘dat wie de finale, de finale fan it fjirde diel fan de symfony, dy ûnbidige úthalen fan it koper.’
‘Dan gûldesto foar de ekstaze,’ sei Alexander, ‘net dernei.’
De oaren lieten de eagen rôlje.
Paul wiisde Günther oan om nei ôfrin fan it twadde konsert it him meast oansprekkende part te neamen.
Ynienen klonken der Polynesyske trommelklanken. In trommeler rûn om it orkestpoadium hinne.
‘Ja, dat is moai,’ sei Paul, ‘by einsluten moat it lûd út it eigen ferline klinke. Dat it nea ferjitten wurdt. No, dat sille wy net! Man, man, dit is in beswarringsritueel. Prachtich, prachtich!’
‘Sjoch ris wa’t it is,’ sei Seleina tsjin Alexander, ‘de taksysjauffeur.’
Se fleach derhinne.
‘Wat sil Seleina?’ sei Paul.
Alexander sei: ‘Oergefoelens, nim ik oan.’

Op ’e twadde jûn waard it konsert oan ’e seekant fan de Rano Raraku hâlden, dêr’t de delling foaral hegerop moai steil ôfrûn en it heechste stik út keale grize rots bestie dy’t donker boppe de fierders griene delling útstuts. It orkest en it publyk hie fansels plak krigen op in aardich flak stik. Dêrwei rûn de delling dan wer steiler ôf. It orkest wie mei de rêch nei de see ta pleatst en ticht tsjin ’e wat oprinnende râne fan it flakke stik oan. It publyk seach de see net. In ein nei links fier it noarden yn wie de loft read tinte, mar achter it orkest wie de eastlike loft stielkleurich.
‘Hjir sil it orkest wat wiermeitsje moatte,’ sei Paul Mols, ‘mar miskien is it ek wol in makliker lokaasje as juster, ôfsjoen fan de mo-aibylden is der neat dat ôfliedt en dan moat men ek noch om jin hinne sjen.’
Nêst de twadde symfony stiene op it programma de ‘Fünf Lieder’, it lettere diel I fan de ‘Lieder und Gesänge aus der Jugendzeit’. Ien fan de fiif, ‘Hans und Grete’, soe dêrby oerslein wurde, om’t it om itselde liet gong dat op ’e earste jûn as ‘Maitanz im Grünen’ al troch Antoine Daumier en Richard Holmes útfierd wie. Oan ’e piano siet no Ricardo Rodriguez en de sjongpartij waard fersoarge troch bariton Kurt Becker.
‘Urlicht’, it tredde diel fan de twadde symfony, soe songen wurde troch de Servysk-Amerikaanske alt Elena Mutu. Alexander hie har op it ynternet opsocht. Se wie berne yn Novi Sad mar as famke fan trettjin mei harren âlden nei Amerika emigrearre. Se hie de oarloch net meimakke. Om’t er har prachtich fûn, wyndere se Alexander troch it liif. Se hie sa op it each wol wat fan Seleina, datselde krêftige en moedige. Hy hie al sjoen dat se yn ’e rin fan ’e kommende dagen noch in kear optrede soe en woe nei in mooglikheid sykje om har te treffen.
Seleina hie der op oanstien dat se net alle jûnen mei syn fiven nêstinoar sitte soenen. Se hâlde, sei se, fan ferpleatsing fan de stikken, fan beweging. Paul Mols siet no foaroan nêst Henri Louis de la Grange. Günther Vogel en Li Juyi sieten in eintsje nei achteren byinoar en Seleina en Alexander noch wat fierder fan it orkest ôf.
Alexander sei: ‘Hoe komt it no mei it magyske barren?’
‘Wy moatte sels wat betinke?’ sei Seleina.
‘Of it oan Günther freegje?’
‘Dat doch ik.’
Se rûn nei him ta.
‘Ja, ik ha it krekt tsjin Li Juyi sein. It soe lykwols allinne foar ús beiden jilde, want jimme wiene net troch de oankundiging mei my ferbûn en it giet no ek oan Paul foarby. Under it tredde diel fan de symfony ferskynt boppe it orkest in lichte, sprankeljende wolk dy’t bestiet út dûnsjende blommen, wetterweagen, ljochte flekken en healljochte skaden. Oan ’e ein fan it tredde diel dûnset de wolk fuort en makket er plak foar it gesicht fan Mahler, sa’t dat ôfbylde stiet op in foto út 1899, dêr’t er jin mei in dimmene, miskien sels wat mankelike eachopslach oansjocht. En de krapoan seis minuten dat it fjirde diel, ‘Urlicht’, duorret, bliuwt dat gesicht dêr.’
‘Ik sil it ek tsjin Paul sizze,’ sei Seleina en se rûn nei him ta.
Hy sei: ‘Sil ik it ek oan De la Grange fertelle?’
‘Nee,’ sei se, ‘want wy witte net oft Günther dat wolle soe. It moat foarearst binnen ús genoatskip bliuwe.’
Paul knikte.
Yn it skoft wie Li Juyi oan bar om te sizzen hokker lietrigels him oansprutsen hiene.
‘De lêste fan de twa kûpletten út “Phantasie”, sei er en doe droech er se foar:

‘Die Winde streifen so kühl umher,
Erzählen leis’ eine alte Mär!
Die See erglühet im Abendrot,
Die Fischerin fühlt nicht Liebesnot
Im Herzen! Im Herzen!’

Hy wiisde Paul Mols oan om de oare deis syn favorite tekstrigels te neamen.
‘It wynt sûnt fjouwer dagen mar yn my om,’ sei Paul tsjin Seleina, ‘ik wol net nijsgjirrich wêze, mar no freegje ik it dy dochs, wat dogge do en Alexander, wat is jim wurk?’
‘Ik hannelje yn wapens,’ sei se, ‘en Alexander is by my yn tsjinst.’
‘Miskien ferklearret dat alles. Ik sil it dy mar sizze,’ sei Paul, ‘ik wie hjoed by it pensjon dêr’t jim útfanhûzje mar doe’t ik nei jim frege, waard sein, dat dy nammen net by harren bekend wiene.’
‘Bisto op Peaske-eilân om Mahler of om ús yn ’e gaten te hâlden? It komt my no yn ’t sin dat it miskien wol sa wie datsto op it fleanfjild yn Santiago mei sin ús eagen nei dy ta lutsen hast. Ja, do groetest ús en doe seagen wy dy.’
‘Ik groete jim om’t myn each op dy foel. Ik foel doe daliks foar dy. Mear net.’
It kaam nei it skoft krekt sa’t Günther sein hie. Hy hie de oaren noch wol op it hert lein om harren hiel goed te konsintrearjen, dat wol sizze, allinne romte te jaan oan de muzyk. Mar nei ôfrin die bliken dat Paul der neat fan meikrigen hie.
‘Do wiest fansels tefolle yn ’e ban fan De la Grange,’ sei Günther.
‘Mar Günther,’ sei Paul, ‘hokker part fan it konsert hat dy it measte dien? Do meist it jûn sizze. Moarn is Seleina oan bar.’
‘Dochs it “Urlicht”’, sei er, ‘it is wat maklik, mar Elena Mutu song werklik prachtich.’
‘Draach de tekst mar even foar,’ sei Li Juyi.
Dat die Günther:

‘O Röschen rot,
Der Mensch liegt in größter Not,
Der Mensch liegt in größter Pein,
Je lieber möcht’ ich im Himmel sein.
Da kam ich auf einem breiten Weg,
Da kam ein Engelein und wollt’ mich abweisen.
Ach nein, ich ließ mich nicht abweisen!
Ich bin von Gott und will wieder zu Gott,
Der liebe Gott wird mir ein Lichtchen geben,
Wird leuchten mir bis in das ewig selig’ Leben!’

Fuort nei’t Günther útdeklamearre wie, klonk it trommeljen fan de taksysjauffeur. Seleina rekke yn ekstaze.

De oare moarns, se hiene it moarnsiten krekt op, krige Seleina in telefoantsje fan Pedro Vidal.
‘Ik wit datst mei fakânsje bist, mar ik wol dochs graach datst my fan ’e wike noch wapens leverest.’
Seleina kromp even yninoar. Se hie har troch earder in berop op Pedro te dwaan yn in situaasje manoeuvrearre dat se gjin kant út koe. Sa’n situaasje kaam faker foar mar alle kearen sloech de panyk by har ta. Se koe allinne mar dwaan wat de oar frege want har frijfjochtsje wie gjin opsje.
‘Ik sil it regelje. Wêr giet it om?’
‘It is maklik, allinne mar gewearen. En as ekstra fiif terreinweinen.’
‘En wêr moat it spul hinne?’
‘Nei Colombia, it fêste adres.’
Se stjoerde Alexander de doar út.

‘Wêr is Seleina?’ sei Paul Mols.
Alexander hie him by de haven fan Hanga Roa op in terras deljûn en siet oan in Pisco Sour te nippen.
‘Oare drokte.’
‘Mei ik riede wat?’
‘Nee.’
‘Ik weagje it dochs. Saken of de taksysjauffeur.’
‘It soe beide kinne. Mar litte wy it oer wat oars hawwe.’
Paul frege nei Alexander syn achtergrûn.
‘De Balkan. In Serviër út Kosovo. Ik soe wolle dat wy it oer muzyk ha koene. Witst, dy militêre muzykkapeleleminten by Mahler, dat pakt my. Fertel my dêr ris wat mear oer.’
‘Mei ik freegje wêr’t Seleina en do inoar troffen ha? Of hat jim relaasje mei har wurk te krijen.’
‘Ja, ik hearde justerjûn ta myn fernuvering dat se tsjin dy sei, dat se yn ’e wapenhannel siet. Mar nee. Ik ha har troffen yn in kafee yn Belgrado.’
‘Dêr hat se dy oppikt.’
‘Ja, dat seist goed.’
Paul gong der breedút foar sitten om Alexander oer Mahler syn muzyk te ûnderhâlden.

Underweis yn ’e taksy nei Ahu Tongariki foar it tredde konsert sei Seleina: ‘Ik wol jûn nei ôfrin ús trommeljende taksysjauffeur oansprekke en dan mei him ferdwine. Silst allinne werom moatte.’
‘Om wraak te nimmen op dizze dei.’
‘Krekt.’
It orkest wie postearre op it flakke terrein foar de rige Mo-aibylden en op sa’n koarte ôfstân derfan dat de fyftjin gruttere en lytsere mo-ai’s foar it publyk, dat op ’e selde hichte siet as it orkest, it sicht oerhearsken.
‘As de muzyk begjint, hâlde se ús omtinken net mear fêst,’ sei Paul Mols, ‘dat wol sizze, as it goed is, as de muzyk ús yn ’e besnijing krijt en fansels bart dat. Dizze opstelling is goed betocht.’
‘Watfoar boppenatuerliks krije wy hjoed te sjen, Günther,’ sei Seleina.
‘Ik ha der lang oer neitocht. Ik sis net mear as dat de saak einiget mei in spoekferskining.’
‘Hast der oer neitocht?’
‘Neat komt fansels.’
‘Do tsjoenst ús wat foar. Wannear bist der achterkommen datst in sjamaan bist?’
‘Ik sis fierders neat. Allinne dit: ik soe Paul oanriede om de holle der no goed by te hâlden.’
Neist de tredde symfony, de enoarm lange fan goed 140 minuten, stiene de fjouwer ‘Lieder eines fahrenden Gesellen’ op it programma, dy’t songen wurde soene troch de bariton Otto Walter. Foar it fyfde diel fan de symfony wiene foar dit iene konsert in jonges- en in frouljuskoar ynflein. It ‘O Mens, Gib acht’ of ‘Mitternachtslied’ fan Friedrich Nietzsche yn it fjirde diel, in altsolo, en ek de altpartij yn it fyfde diel, soe fertolke wurde troch Gertrud Beckmann, in prachtige, donkerhierrige ferskining. Paul Mols hie al in pear kear in útfiering fan de tredde mei har deryn meimakke en sei tsjin de oaren, dat se der echt foar sitten gean moasten.
Yn it skoft wie Paul Mols oan bar om te sizzen hokker lietpart him wier te pakken krigen hie. Mei omhaal fan wurden dielde er mei dat de earste en twadde strofe út it tredde fan de ‘Lieder eines fahrenden Gesellen’ him it meast oansprutsen hiene, want binnen it gehiel fan de fjouwer lieten wiene se it meast frappant, mei fansels troch de ferheftige, dissonante muzyk fan de earste en dan ynienen yn de twadde strofe de taneiering ta it romantyske en folle melodieuzere klankidioom fan de oare lieten.
Hy krige it tekstboek en lies foar:

‘“Ich hab’ ein glühend Messer,
Ein Messer in meiner Brust,
O weh! Das schneid’t so tief
In jede Freud’ und jede Lust.
Ach, was ist das für ein böser Gast!
Nimmer hält er Ruh’, nimmer hält er Rast,
Nicht bei Tag, noch bei Nacht, wenn ich schlief.
O Weh!

Wenn ich in dem Himmel seh’,
Seh’ ich zwei blaue Augen stehn.
O Weh! Wenn ich im gelben Felde geh’,
Seh’ ich von fern das blonde Haar
Im Winde wehn.
O Weh!”’

‘Do mochst it sizze?’ sei Günther Vogel, ‘mar it soe myn kar net west ha.’
‘Do klinkst suver like ferheftich as it liet dat ik keazen ha,’ sei Paul.
‘Dat sil bêst,’ sei Günther, ‘mar dy tryste mar himelske muzyk fan bygelyks it lêste liet….’ En hy song:

‘“Die zwei blauen Augen von meinem Schatz,
Die haben mich in die weite Welt geschickt.
Da mußt ich Abschied nehmen vom allerliebsten Platz!
O Augen blau, warum habt ihr mich angeblickt?
Nun hab’ ich ewig Leid und Grämen.”’

Paul wiisde Günther oan om de oare kear it lietdiel te neamen dat him yn it bysûnder rekke hie.
De feestlike tredde symfony krige Seleina folslein yn ’e besnijing, se ûndergong him as in ûneinige, hast net te fernearjen hearlike sekssesje, it wie gewoan it boartlike en tagelyk earnstige feest, de hertstocht, it útskroeven en dan wer útskroevene útlibjen fan de liiflike leafde oan ’e ein ta. Har liif waard troch hûndert hannen oanrekke en de iene nei de oare man krong yn har. Op it momint dat de definitive finale fan amperoan in minút, de útskroeven en tagelyk dochs ek ynhâlden apoteoaze mei de ûnferbidlik paukeslaggen en de like ûnferbidlike úthalen fan it hiele orkest, it definitive tastjitten en it ûnhâldbere âljen ynsette, ferskynde yn fleanende faasje as út ’e fierte wei it gesicht fan Alma Mahler boppe de holle fan de grutste mo-ai en fuort nei de lêste klanken feroare dat fan de mo-ai yn it hieltyd mar útdijende gesicht fan Oskar Kokoschka. Doe ferfloeiden de gesichten fan Alma en Oskar meiïnoar.
‘No, Seleina,’ sei Paul, ‘sis mar wat dy mear as al it oare meinommen hat.’
‘Ik koe min in kar meitsje. Dizze tredde is sa’n wûnderlike symfony mei seis sa faninoar ferskillende dielen, mar ik waard foaral pakt troch it fjirde diel, dêr’tst it idee by hast datst yn in leaflik mar ek heimsinnich bosk tahâldst – boartlike natûrlûden klinke dan wer tichteby dan wer fierderwei, inkele kearen ûnderbrutsen troch guon dêr’tst fan opskrikst. It kaam, tink, troch de folslein tsjinstelde lokaasje hjir, mei gjin beam te sjen, allinne fyftjin it hear oerhearskjende stiennen bylden. Mar ja, de ein fan it sechsde diel wie ek wer in wûnder, of noch leaver sein, it grutste geniet en no hielendal fansels. Dat hiest moai betocht, Günther.’
‘It is de minsklike natuer, dy’t soks foar jin docht,’ sei er.
Doe klonk de trommel fan de taksysjauffeur.
‘Ik gean alfêst,’ sei Seleina, ‘o ja, Li Juyi mei moarntejûn sizze wat neffens him it moaiste part fan it konsert wie.’
Op Paul syn fraach wiisde se earst Li Juyi noch om de oare jûns te sizzen hokker part fan it konsert troch him it meast op priis steld wie. Yn it foarbygean joech se Alexander noch in stevige tút.

(wurdt fuortset)

Molwrot 1

Molwrot 2

Molwrot 3

Molwrot 4

Molwrot 5

Molwrot 6

Molwrot 7

Molwrot 8

Molwrot 9

Molwrot 10

Molwrot 11

Molwrot 12

Molwrot 13

Molwrot 14

Molwrot 15

Molwrot 16

Molwrot 17

Molwrot 18

Molwrot 19

Molwrot 20

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *