
Doe’t ik de gerdinen iepenskode, stie ik each yn each mei de sinne. In konfrontaasje dêr’t ik noch net klear foar wie. De gerdinen bedarren wer yn harren nachtstân. As earste die ik yn de keamer de kachel heger. Doe betocht ik my en rûn werom nei de sliepkeamer. Mei ienige skamte die ik de gerdinen fansiden en liet it ljocht ta.
Lês fierder by Meindert Reitsma op Skanomodu