
Yn de Grykske mytology is it ferhaal fan de healgod Tantalus in tragysken ien. Tantalus waard troch Zeus yn fertrouwen nommen, mar beskamme dat fertrouwen troch ûnder oare te stellen en geheimen troch te fertellen. As straf waard Tantalus nei it ûnderste en slimste part fan de ûnderwrâld stjoerd, dêr’t Hades de skepter swaaide. Hy waard feroardiele ta de ivige toarst en honger. Tantalus moast oant it kin yn it wetter stean en alle kearen wannear’t er drinke woe, sakke er fierder de grûn yn en wannear’t er it fruit dat boppe it wetter hong pakke woe, slagge it him net. It waard in konstante kwelling nei eat dat sa tichtby like, mar dochs ûnberikber wie. Tantalus wie de grûnlizzer fan it team fan de Tantaliden of Atriden. Alle generaasjes út dat slachte waarden troffen troch ûnk en wee: se lieten har yn mei moard, ynsest, stellerij, bedroch ensafierder.
It ferhaal fan Tantalus kin as sintraal byld sjoen wurde yn de boeken fan Manuela Köster (1969). Yn 2009 ferskynde har debút Tantalus – leafde en yntriizje yn Egypte en ein ferline jier it ferfolch Tantalus II: learjild. Beide boeken spylje har foar it grutste part ôf yn de ûnderwrâld fan Egypte, dêr’t striden wurdt om de macht. Yn Tantalus is dy yn hannen fan it Alexandrië Kartel, dat laat wurdt troch de Eldamaty’s. Safout Eldamaty stiet oan it haad, mei syn broer Sabaan oan syn side. Haadpersoan is lykwols Safout syn dochter Fayda, dy’t fan har heit de macht oerdroegen krijt. Sy is in selsstannige, yntelliginte en knappe frou, dy’t wit wat se wol en nearne fan weromskrillet: “Gefaar en útdaging wiene de speserijen dy’t it libben kleur en wearde joegen.” (Tantalus II, s. 103).
Neist de minsken fan it Alexandrië Kartel folget de lêzer ek de plysjeminsken Merit en Zahi, dy’t net allinne op it wurk partners binne, mar ek dêr bûten. Tegearre meitsje se jacht op de kriminelen, mar it Kartel is de plysje lykwols hast alle kearen in stap foar en dêrtroch wurde Merit en Zahi ta it uterste dreaun. De striid komt wol hiel tichteby wannear’t de broer fan Zahi troch de kriminelen fermoarde wurdt. Underwilens lôget de leafde tusken har op.
Leafde en seks binne Fayda ek net frjemd. Sy rekket fan hast neat fan de wize, mar wit manlju kear op kear wol fan ’e slach te bringen mei har lichem. Lykas Tantalus hat se in ivige toarst en honger, yn har gefal nei suver alles dat Seus ferbean hat. Eins jildt dat foar de folsleine famylje Eldamaty en har folgelingen. Bedroch, moard en ôfparsing wurde mear as ien kear ynset om de macht fêst te hâlden en út te wreidzjen. Dêrneist hâlde se har dwaande mei de smokkelhannel yn Egyptyske artefakten. Tusken Fayda en har omke Sabaan ûntstiet in seksuele relaasje, dêr’t hy slim mei wrakselet, wylst Fayda it gjin probleem fynt.
De lêzer krijt yn ’e rekken dat de famylje fol geheimen sit. Sa is de spanning tusken de bruorren Safout en Sabaan dúdlik te fielen, mar Fayda kin har finger der net op lizze. Köster hat foar de lêzer ek geheimen yn ’t fet, oan de ein fan it boek docht nammentlik bliken dat plysjefrou Merit en Fayda ien en deselde frou binne. Zahi, en mei him de lêzer, kin net befetsje dat er al dy tiid oplutsen is mei syn grutste fijân. Oan de ein wurdt it famyljegeheim oan it ljocht brocht. Sabaan kin it net ferdrage en berôvet himsels fan it libben. In grutte klap foar Fayda. As sy ûntdekt wat de rol fan har heit west hat yn it ferline, wurdt se poer en fermoardet him. Foar dy died bedarret se yn ’e finzenis, dêr’t se har fonnis ôfwachtet. Op dit stuit begjint Tantalus II: learjild.
“Mei rjochte rêch en it kin foarút stapte se se rjochtseal yn. Alle hollen kearden nei har om, it flústerjen waard lûder. De boeiens waarden ôfdien en se moast plak nimme.” (s. 15). De rjochtsaak begjint op de wenstige wize, mar einiget dat net. Fayda wurdt troch hantlangers befrijd út de rjochtseal en flechtet tegearre mei Hazam, de eardere rjochterhân fan Sabaan. It Kartel moat wer fuotten ûnder it gat krije, wat makliker sein as dien is. Om de werberte fan it Kartel stal te jaan moat Fayda alle minsken op ien line krije en dêrneist gearwurking sykje mei oare misdiedorganisaasjes. Wat se lykwols net yn ’e gaten hat, is dat de grutste bedriging út it Kartel sels wei komt.
Lykas yn it earste diel folget de lêzer neist it Kartel ek de plysje. Grimmitiger as earder set Zahi de syktocht nei Fayda en it Kartel troch, fansels foar in part troch in persoanlike driuwfear: “Al de teare gefoelens dy’t er foar har hie wiene lyk as iiskristallen fuortraand. No wie syn hert neat mear as in toarre, keale woastenij dêr’t treasteleaze griistinten de toan setten.” (s. 11). Ekstra swier makket it dat Fayda hieltyd de konfrontaasje opsiket en him mear as ien kear oer it mad komt. De âlde gefoelens spylje dan wer op en soargje derfoar dat er troch har te fiter nommen wurdt. Hy beseft dat se mei him boartet as in kat mei in mûs.
Oan it begjin wurdt dúdlik dat Fayda in bern ferwachtet, mar wa’t de heit is – Sabaan of Zahi – bliuwt foarearst ûnbekend. Se beslút it bern net sels grut te bringen; in swiere beslissing, mar se wit dat it de goeie is. It memwurden is in nijsgjirrige ûntjouwing, want hoe giet in spikerhurde frou dêr mei om? Spitich is dat de skriuwster dat gegeven net goed ferwurke hat. Te min wurdt referearre oan it bern en hoe’t it missen fan it bern syn wjerslach hat op har libben. Dat is ek it gefal by Zahi, dy’t lykas earder sein syn broer ferlern hat. It ferlies soe as “in harnas fan lead dat er meidroech” wêze, mar út eins neat docht dat bliken. Troch it útdjipjen fan soksoarte fan saken soe it ferhaal mear ferbinende eleminten hawwe en dêrtroch better út de ferve komme.
In tredde persoan dy’t de lêzer folget is de earder neamde Hazam, dy’t de rjochterhân fan Fayda wurdt. Yn it begjin is de gearwurking goed, mar fierderop draait dat 360 graden. Hazam kin typearre wurdt as in bist, dat him betsjinnet fan gewelddiedige seks, swiere mishanneling en wat net mear. Yn it hiele boek fermoardet er in ferskriklik soad minsken, jo binne de tel al gau kwyt. De grize giet jo bytiden oer de grouwe.
Noch mear as yn it earste diel set Fayda har lichem yn yn de striid: “It gong hjir suver en allinne om belangebehertiging. Nammentlik hár belangen en dy fan it Kartel. Strategy. Wat better om in man te be- en oerhearskjen as it stevich yn hannen ha fan syn hertestringen?” (s. 257). Dejinge dy’t se benammen be- en oerhearskje wol is Hazam. Meastentiids hâldt Fayda har oan har strategy, lykwols hat se ien swakte: nijsgjirrigens. Yn ’e rin fan it ferhaal beseft se dat se mooglik in kapitale flater makke hat en se hopet dat it learjild dat se betelje moat net te heech is.
Sa hat de spikerhurde Fayda it net altyd like maklik; ynderlik makket se ferskillende ûntjouwings mei. Köster is der net altyd yn slagge om dy ûntjouwings goed te beskriuwen en oannimlik te meitsjen. Op bygelyks side 356 sit se troch alle swierrichheden flink yn ’e lytse loege: “No swalke se doelleas troch de stêd as opjage wyld. Heal paranoïde om har hinne loerend. In soad lju hiene it op har foarsjoen.” Fansels kin in personaazje him op in stuit sa fiele, al is ‘heal paranoïde’ faaks wat oerdreaun, mar de skriuwster wit de wei nei dy tastân net te ferklearjen. It komt sa út ’e loft fallen, wat foar argewaasje soarget. Dat is ek it gefal wannear’t eefkes letter it folgjende tsjin har sein wurdt: “‘Elkenien makket flaters. Dêr leard (!) men fan. En wa twivelet no net sa no en dan oan himsels? Wy allegear. Hoechst dy nearne foar te skamjen.’” (s. 358-359). Sa’n reaksje is minsklik, mar eaget slop foar ien yn it misdiesirkwy. Spitigernôch binne dat net de iennichste twa foarbylden dêr’t de motivaasje tusken de personaazjes en har hâlden en dragen frijwat ûndúdlik is.
Yn ’e djipte mankearret der dus wol it ien en oar, mar sein moat wurde dat de oerflaktestruktuer oer it generaal goed is. Köster hat in aardich plot skreaun, dêr’t genôch spanningseleminten en nijsgjirrige ûntjouwings yn sitte. Benammen tsjin de ein oan wit de skriuwster de spanning yn koarte haadstikken goed op te bouwen, bygelyks by de apoteoaze yn de machtsstriid tusken Fayda en Hazam.
Ik hie graach sjoen dat Köster dat earder yn it boek ek dien hie, want de spanningseleminten en ûntjouwings dêr hawwe minder krêft as oan de ein. In foarbyld komt fan side 264, dêr’t plysjeman Zahi yn gefjocht is. It gefjocht hie folle mear útsmard wurde kinnen, om sa foar mear spanning te soargjen. Dat jildt ek foar haadstik 30, dêr’t Fayda de lieder fan in oare misdiedorganisaasje deasjit. It slagget har yn ien kear, wylst bygelyks mis sjitte de druk opfiere kinnen hie.
Wat in goeie opbou yn spanning faak ek yn it paad sit, is it taalgebrûk. Bytiden is it Frysk net sa tagonklik: “In hoart lang observearre er har. Hja like har folslein feilich te wanen en gjin euvele moed te hawwen yn syn oanwêzigens. Dochs wie har skynbere geloaiter net sûnder spoaren fan in wisse nerveuzens. Hy lake mei wille. Dat har eat swier op it gewisse lei, dêr wie hy de oarsaak fan.” (s. 93). Sa’n styl past net by in boek dat neffens de achterflap flot wêze wol.
In oare kear is it taalgebrûk suver te maklik, soms de flauwe kant neist. Lykas op side 256: “Hy wie by steat en dûk daliks mei har it bêd yn, mar hy besleat wat geduld út te oefenjen. In flugge snack skonk net safolle foldwaning as in goed miel. Sa wie it ek mei in wip.” Dochs lit Köster sa út en troch wol sjen dat se it Frysk moai brûke kin: “De betide moarnslucht wie koel en der stie in stoeve seewyn dy’t troch har [Fayda] lange hier blaasde. De stiltme wie as balsem foar de siel. De seefûgels, warber as altyd, liken akrobaten sa’t se troch de loft fleagen. Masters fan it swurk. (…) As de strielen fan ’e sinne se beljochte, krigen hja de kleuren fan de reinbôge en liken sa op bûnte kralen dy’t oan ’e goaden fan ’e see offere waarden. De kobbe kaam wer boppe mei in fiskje yn ’e bek.” (s. 145).
Op oare plakken is it Frysk en de opmaak net altyd ynoarder. Foarbylden binne de kontaminaasje ‘ôftransportearje’ (‘ôffiere’ en ‘transportearje’) op side 41 en in tiidwurdflater: “Dat wurd noch in hiele toer.” (s. 384). Dêrneist wurdt yn ’e opmaak fierste faak gjin wytrigel brûkt, wylst dat wol op syn plak is.
Oan de ein kin de konklúzje lutsen wurde dat it Manuela Köster net slagge is om yn Learjild it ferhaal genôch op smaak te bringen, genôch kleur en wearde te jaan. De speserijen wiene wis wol oanwêzich, mar wurken net altyd like goed en soargen foar in frijwat flauwe smaak. Faaks smakket de tredde Tantalus better, want dy sil der grif komme. De stoarje fan de Eldamaty’s is ommers noch net ôfrûn, want lykas sein sille alle generaasjes troffen wurde troch ûnk en wee.
Manuela Köster
Tantalus II: Learjild
Elikser, Ljouwert 2013
€ 19,50
ISBN: 978-90-8954-591-6