Blog: Hâld der mar mei op

logo.ensafh

De Ljouwerter Krante, o nee de Leeuwarder Courant, pakte juster grut út mei twa folsleine siden oer nije Fryske wurden “in het hart”. Dat lêste slacht op it plak yn de Fryslânbylage fan de krante en net op it ûnderwerp dat der behoffene wurdt, lykas bliken docht út de taal dêr’t de redaksje him fan betsjinnet. It ferhaal is yn it Hollânsk mei wat sitaten fan Hindrik Sijens en Geart Benedictus yn it Frysk. Yn ‘e goedichheid: wêrom moat sa’n artikel no yn it Hollânsk? Dan kinne jo wol omtinken jaan oan nije Fryske wurden foar Ingelske ynsloepsels mar in bedrige taal hat der mear profyt fan dat dy yn alle domeinen brûkt wurdt, benammen yn de media. Kranteminsken meie graach skermje mei de gjalp dat de lêzers leaver gjin Frysk yn ‘e krante ha. Dat neamt men in ôfskotaktyk. Jildt dat ek foar in stik oer nije Fryske wurden? Wa’t it net lêze wol slacht it dochs wol oer en wa’t ynteresse hat foar nije Fryske wurden wol him wol eefkes ynspanne om it Frysk nei te kommen.

Lês fierder by Jabik van der Bij op It Nijs

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *