
It mei út de kranten bekend wêze dat Simy Sevenster sûnt jier en dei ferhalen skriuwt; se wûn dêr al ris in Rely mei, mar dat hja ek gedichten makket is yn de literêre wrâld minder witten. Faaks ferskynden har gedichten wol op lokaal nivo, mar yn de periodiken as De Moanne/Trotwaer, Farsk, Hjir ensfh. haw ik net in fers fan har sjoen. De Friese Pers Boekerij hat no dan al in fikse bondel sammele mei in lytse sechstich fersen ûnder de titel Yn de see fan it libben. Neffens in wurdfierder fan de útjouwerij giet it om ‘gebrûkspoëzy’, what ever that may be!
De útjouwer priizget op ynternet de bondel oan mei ‘Nachtsuster’, in fers fan trije kwatrinen yn peare rym. Oft dat gedicht representatyf wêze sil foar it dichtwurk fan Simy Sevenster (Wier 1944) is de earste fraach dy’t ik ha.
Nachtsuster
Dûnk’re skaden op ’e muorre fan de lange wite gong
en op it taffeltsje in lampe, dy’t har yn har ljochtkring fong.
Stil en súntsjes siet se dêre. In fertroud byld yn de nacht
en hâlde sa oer alle siken twa wiken lang de wacht.
Uterlik liek se hiel rêstich mar fan binnen wie se bang.
Se eange fan de frjemde lûden en fan de nachtelike sang.
Dêr gie ynienen lûd in bel, fersteurde fel it stille tsjuster.
Se skrepte dalik om oerein nei him of har de sliep sa bjuster.
Se die har dingen yn de nacht en telde dreech de oeren
En wachte oant it deiljocht kaam mei kleardere kontoeren.
Al wie se dan ek gjin heldin, se hold wol trou de wacht.
Sy wie foar alle siken it ljochtsje yn de nacht.
s. 24
De twadde fraach is myn rinkelbel wer: wêrom yn de goedichheid net yn de notiid? It is in treastfol fers, mar de tekst komt pas ta libben as de lêzer sels de nachtsuster wêze wol; idintifikaasje kinst faak berikke mei de notiid. No stietst eins oan in grêf. Ek yn ‘De tram’ (s. 6) beteart dat ferkeard. Help! Is it wol wier wat ik hjir bewear?
Ik wol net heechhertich dwaan oer dizze poëzy; de term ‘gebrûkspoëzy’ docht sa healsliten oan, as hong it fan gelegenheidsfersen en klisjees oan mekoar. Dat is sa net nammentlik, want it wurk docht oarspronklik oan, ek as it giet om anekdoates, nostalgy en folkloare. De stim fan Simy Sevenster is fris, neat mis mei. Ek it taalgebrûk fertsjinnet in plom. Yn it Frysk, yn it Stedsfrysk èn yn it Bilts fiert se har feardige pinne.
Biltse bep
At d’r gyneen kykt
Sien ik ôns bep.
Hannen innander in ’e skoat,
’t braai- of haakwerky stil
Op ’e groate tafel.
Op ’t theelichy de koffykan,
’t klontypotsy en ’t roomkantsy
in ’t blikky.
Se leefde nag,
Ik skrok my doad,
Ik waar hur glâd fergeten.
‘Wat is ’t hier donker.
Hoe is ’t met bep?’
Se sucht, komt stinnend overeend.
‘Wilst ok koffy, lie?’
Se skarrelt na ’t lichtknoppy.
’k Sat wat te skemeren,’ sait se.
Kines en klainkines,
se waren d’r allegaar
in ’t klaine hússy,
at bep jarich waar.
Allegaar mochten wy blive
te eten an ’e groate tafel.
Ik sat naast myn nefy,
Der’t ik altyd met speulde.
’n Etenbordsy met gele, oranje, blauwe en rose
Blomtys. Groene bladsys.
Baidegaar ’n heel groat mes
der’t wy sels bep hur butter
met smere mochten.
Súkkerbôl, krintebôl, bakken.
’t Smaakte stikken lekkerder as thús,
der’t mim alleen maar bleuband brúkte.
s. 20
It titelgedicht ‘Yn de see fan it libben’ makket ynkringend gebrûk fan it ferskil tusken fjochtest en fljochtste:
Do lietst gjin meilijen ta
Yn de see fan it libben
Fjochtest.
Hinne en wer slingere
Tusken hope en wanhope
Oant de see dy opnaam.
Sûnder namme, sûnder spoaren
Wosk de see dy.
Gjin stien, gjin eigen plak.
Boppe de see fan it libben
Fljochtste
Om nea wer del te kommen.
s. 31
It fers ‘Nachstsuster’ liket my net daliks representatyf foar de poëzy fan Simy Sevenster, want se skriuwt almeast frije fersen. Mar útsûnderingen binne bygelyks ‘De balkearder’ (s. 13-14), ‘Sic transit gloria mundi’ (47-49), ‘De Bolleman’ (50-51), ‘It húske’ (s. 52), Nij millenium (s. 53) Ballade fan muoike Jaantsje (s. 61-62), ‘Winterwille’ (s.66), ‘Net sliepe'(s.67) en ‘Wylde Rixt’ (72-74). Dat lêste epyske fers is basearre op Rixt fan ’t Oerd. Praktysk allegear skreaun yn peare of omearmjend rym. Se litte har goed foardrage, mar fierder tink ik by ‘gebrûkspoëzy’ dochs earder oan it wurk fan Jurjen van der Meer en Eise de Boer. Ek fertsjintlik fansels.
Simy Sevenster
Yn de see fan it libben
2009 Friese Pers Boekerij