Teleks: Protters Nij inisjatyf foar groep 7 en 8

logo.ensafh

Protters_Pears

Protters rige foar Frysk lêzen

Lêze
Lêze is noch altyd in wichtich ûnderdiel fan it learen. Skoallen, bibleteken, âlden… elts docht syn bêst om de bern oan it lêzen te krijen. Mar, binne der foar elk type bern genôch oantreklike boeken? Seker as it om it Frysk giet, mei der wol wat by.

Nije foardielige rige foar groep 7 en 8

Foar it Frysk is der dit jier in nij inisjatyf: de Protter-rige.
Dizze, op de Nederlânske Lijsters ynspirearre, rige is bedoeld foar de learlingen fan groep 7 en 8, en dan benammen om thús te lêzen. It binne âldere, populêre berneboeken yn in nij jaske, dy’t hiel foardielich oanbean wurde kinne.
Se ferskine as papieren boek, én as hark- of e-boek.
Mear ynformaasje oer de boeken: www.protters.nl

Wurkwize Protters krekt as Lijsters
De Fryske skoallen jouwe bern de spesjale folder mei. De âlden kinne dan sels de boeken bestelle en krije se thús besoarge.

It projekt Protters is in gearwurkingsferbân fan de útjouwerijen Audiofrysk en Elikser, yn de mande mei it Taalsintrum Frysk fan Cedin, mei finansjele stipe fan it FLMD-fûns en de provinsje Fryslân.

Omslach_MuoikeKlaptut

 

Omslach_Hearen

Omslach_Smokkelmystearje

Omslach_Keldermystearje

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *