
Deputearre Jannewietske de Vries fan de provinsje Fryslân docht mei oan de sutelaksje fan de stifting Tsjil yn Warten op sneon 6 septimber. Tsjil organisearret op fjouwer sneonen yn septimber sutelaksjes yn doarpen, dy’t sels oanjûn hawwe dat sy as fanâlds mei kroaden fol Fryske boeken by de doarren del wolle. De stifting wol de ferkeap fan dy boeken dêrmei in nije ympuls jaan. Nij is dat in part fan de opbringst foar de ferienings is, dy’t de frijwilligers by elkoar socht hat.
De boekekrante Speak is yntusken, mei troch stipe fan de provinsje Fryslân, yn hast de hiele provinsjehûs oan hûs besoarge. Dêryn seit de deputearre oer de sutelaksje: “Yn dizze tiden moat elts ta op oare ferkeapmiddels; sa’n persoanlike oanpak is dan hiel sterk.” Jannewietske de Vries hat stifting Tsjil tasein, dat se de frijwilligers fan Warten helpe sil by de earste fan de sutelaksje fan dit jier.
De frijwilligers fan kuorbalferiening SV Sparta sammelje fan 9 oere ôf yn de kantine fan de sporthal oan de Rounwei yn Warten. Om 9:30 oere geane de sutelders (èn de deputearre dus) foar it earst dit jier op paad. De parse is hjirby fan herte útnoege om dit barren by te wenjen en der in ferhaal oer of bylden by te meitsjen.