
Foar it earst hat in advyskommisje foar de Gysbert Japicxpriis fiif leden (foarhinne wiene dat der hieltyd trije). Marga Waanders, boargemaster fan Dongeradiel, is oanwiisd as foarsitter. Hja is fan oplieding nearlandika, wurke yn it ûnderwiis foar’t se de polityk yngie, en wennet sûnt jierren yn Fryslân. De oare net-Fries yn de kommisje is Kester Freriks út Amsterdam, de yn Yndoneezje berne Nederlânske auteur dy’t û.o. skreaun hat oer Hölderlin, yndyske literatuer en fûgels.
Opmerklik is it grutte Dongeradielster oanpart yn dizze advyskommisje. Yvonne Dijkstra is hikke en tein yn Nes (D.) oan it Waad, en foar Doeke Sijens jildt itselde mar dan krekt súdliker te Hantum. Marga Waanders wennet tsjintwurdich wer in doarpke fierderop, yn Raard (D.). Dêr komt as noardeastlik elemint dan ek noch by dat Kester Freriks foar syn boek Verborgen Wildernis it Waad by Peazens besocht hat, en dat André Looijenga syn betoerpake en -beppe fan Nes (D.) kamen.
Foar de Gysbert Japicxpriis 2015, foar proaza, komme de skriuwers yn oanmerking fan alle oarspronklik Frysktalige proazaboeken dy’t yn 2011 oant/mei 2014 ferskynd binne (en dit neijier noch ferskine). Oankom maart sil de advyskommisje in longlist fan gadingmakkers bekend meitsje.
De Gysbert Japicxpriis sil op sneon 10 oktober 2015 útrikt, lykas wenst yn de Gysbertstêd Boalsert.
Sjoch fierder oer de sjueryleden: Sirkwy.