Willem Winters

Oer eunuchen en hûndert syktes

logo.ensafh

Wy wiene fan ’e jûn by freonen te iten. Sy kin omraak itensiede. Healwei liet ik my ûntfalle dat ik middeis in prachtich boek kocht hie. Sa’n moai boek en ik doarde it hast net iepen te dwaan. Dan kloppet it hert my yn ’e kiel en fiel ik dat myn mage opstannich wurdt. Dat komt troch The sick rose or disease and the art of medical illustration fan Richard Barnet.

Hy wit myn gefoelige snaar te reitsjen. De holle fan in frou op it omslach is dramatysk, mar wol te fernearen. Dan slachst it iepen en dêr krijst fuort al in psychologyske oplazerus fan jewelste. De skutblêden binne oerwoekere mei reade plakjes en reade swolmkes, foaryn en efteryn, ien en al swolderij.

En dêr stiet it hiele boek fol mei. Der is gjin part fan it lichem dat net toand wurdt mei de freeslikste kanker, mei ûnhuerige wyldgroei. De kearn fan dit boek is dat al dy skriklike syktes op in poëtyske wize werjûn wurde. Gjin hurde kleuren mar sêfte, pastelkleuren. As ik der oan tink, jasses… en no wie ik der ûnder it iten sels oer begûn, fansels woene de oare gasten no fan alles witte. Ik moast, sei de ien, it mar even gau fan hûs helje. Dat ferpofte ik, dan sei in oar: ‘Moatst my moarn mar in steapeltsje kopyen stjoere.’ ‘Ik prakkesearje der net oer.’

neef (1)

Underwilens springt it petear alle kanten op. En as ik Annek op in bepaalde wize gnizen sjoch dan wit ik al hokker ferhaal se klearleit om ek in bêste klap út te dielen. Ik hie dizze gedachte noch net dienmakke of dêr kaam it al. ‘Foar myn stúdzje skiednis,’ seit se, ‘moast ik in wurkstik skriuwe. Ik keas it Harembarren yn Sina. As oppassers wurden der eunuchen oansteld. Mar dy groeie fansels net tusken de boerekoal, dy wurde makke. Yn in boek fûn ik in tige plastyske beskriuwing fan hoe dat yn syn wurk gong. Hoe’t lul en ballen ôfbûn waarden. Dat lieten se sitte oant it sa’n bytsje ôfstoarn wie. Mei ien jaap fleach it hiele klokkespul der ôf. Om de pisbuis iepen te hâlden stieken se dêr in stokje yn. Dat bleau oant it saakje opdroege wie. Oan sokke grappen gyngen hiel wat mannen dea. Ik lies it Willem foar. Dy foel hast fan syn stokje. Mar wat no, net ien yt mear, elk is ophôlden mei kôgjen.’

In oars wat stille gast slacht foar wurdfierder op: ‘Hâld op mei dat goare praat of wy stappe op.’
‘Wat jammer no,’ seit Annek, ‘ik hie noch in stikje foarlêze wollen út Vochtige streken fan Charlotte Roche, dat begjint mei de fenomenale sin: “Zolang ik kan denken heb ik aambeien.”

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *