
Net echt in Fryske titel foar dizze kollum. Mar soms kinne je net oars. Neffens my doocht de stavering ek fan gjin kant, mar yn it moderne lânskip is in soad tastien. Sa wie der in dei as wat lyn in pop-up store yn Drachten, mei dêryn it nijste oanbod fan Fryske boeken en boeken oer Fryslân. As der immen in goed Frysk wurd foar wit kinne jo dat melde by de gearstallers fan it Fryske griene boekje. My makket it neat út, ik brûk gewoan pop-up store, dat is tige hip en dy kant moatte wy dochs út mei it Frysk, wolle wy net ûndersnije yn dizze mondiale digitale boarterstún dy’t wrâld hjit.
Efkes in fraach tuskentroch, ha jim wolris fan Saginaw heard?
Dus wie der in winkeltsje yn Drachten. Fergees en foar nul sinten mar mei in bak goodwill beskikber steld troch in eigner mei it hert op it goede plak en mei stipe fan in pleatslik kastlein dy’t de catering die. Al wer twa wurden fan oer de grins. De beropsjittikmigers binne al lang ôfheakke, dit is gjin geef Frysk kollumke op de iennichste Fryske literêre side, it ûntbrekt der noch mar oan, en mei God it ferhoedzje, dat de skriuwer de tiidwurden ferkeardom soe sette…
Saginaw, rings a bell?
Mar klear. In pop-up store en in chill krantsje mei de namme Speak. Ha jimme it yn de bus krigen? Acht siden mei Fryske boeken? En in bon dêr’t je se mei bestelle koenen en kinne? Kollum fan Johan Veenstra yn it Stellingwerfsk, dus net djipfrysk. Foei. Kommersjeel gedoch. Krekt as soe it dêr om gean moatte. Posters en flyers en mear guod om oandacht te lûken. En mar wer twa wurden yn dat Ingelsk. Tryst. Al soenen der gjin Fryske wurden foar te betinken wêze.
Earlik sein hie ik wolris fan Saginaw heard. Dat komt omdat ik fan muzyk hâld. Stevie Wonder is berne yn Saginaw, wisten jim dat? Mar foar my is it plak bekender wurden troch in fers. In liet. Yn ien fan de prachtige close harmony nûmers fan Simon and Garfunkel besjonge se America. Ien fan de rigels giet sa:
It took me four days
To hitch-hike from Saginaw.
Hitch-hike stiet foar mei de tomme omheech by de sneldyk stean en hoopje dat je meinaam wurde. Lifte, dus.
Saginaw wie de ôfrûne tiid yn it nijs. It is in plak yn Michigan, flakby de grutte marren yn it noarden fan de Feriene Steaten. Yn 2000 wennen der mear minsken as no, dus soe it as krimpregio omskreaun wurde kinne. 14,9% fan de minsken hat gjin wurk. Se ha der in kastielmuseum en se spylje der iishockey, sa as dat yn dy krite gewoan is.
Noch efkes oer dy pop-up store yn Drachten: dêr rint in wei omhinne, dêr’t je net al te hurd ride meie en kinne. It is dan ek downtown Drachten, der rint en fytst nochal ris ien en jo wolle gjin ûngemakken. Mar it jout de tiid om, omdat je sa stadich ride, in blik oerside te dwaan en jo te fernuverjen oer wat dêr no wer yn dat oars leechsteande pân te keap oanbean wurdt.
Saginaw hat sûnt koart in noviteit. In wrâldpremiêre. Der waard raar guod oer spuid, want alles dat nij en hip is, mige de konservativen yn de mienskip earst noch tsjinoan. Lekker maklik, jo moatte de blaas dochs leegje en wat is it hearlik om alle negative enerzjy te stekken yn in fikse soersâlte straal dy’t neffens jo en de omsittende jaknikkers hout snijt. Hearlik, neat minskliks is jo frjemd.
Ik tink dat de betinkers fan de noviteit yn Saginaw it goed sjoen ha. Want se dogge wat nijs. Oer de djipgong fan de noviteit kinne jo fan miening ferskille. Sjoch, de Amerikanen binne oer it algemien wat te grou en meie graach autoride. Kombinearje dat en de Drive-thru window leit foar de hân. Lekker maklik.
In ferstoarne Amerikaan en Fryske literatuer hat oerienkomsten. Beide kearen kinne jo deroan foarby ride. Dat sil in grut part fan de minsken ek dwaan. Minsken dy’t net folle mei de ferstoarne hienen, wurdt yn Saginaw in prachtige wize fan ôfskie nimmen oanbean. Efkes der delride en goeie sizze. It gerdyn giet automatysk iepen en ticht, jo hoege der hast neat foar te dwaan om al popcorn frettende jo sjen te litten. Plicht dien.
Yn Drachten koe dat it ôfrûne wykein ek. Foar guon dy’t net folle mei Fryske literatuer ha, it format of it oanbeane ferskaat net wurdearje koenen? Efkes in rûntsje oer it Merkterrein en jo koenen sa jo respekt toane. In Drive-thru window foar de nijste Fryske boeken en boeken oer Fryslân. En dan gau nei de McDonalds oan de Lange West foar de deistige enerzjy boost. Dêr is ek in Drive-thru mei in window. Hap snap.
Beide kearen sa plat as in dûbeltsje.
Foar guon oaren? Wat ha wy trije prachtige dagen hân. Tank oan alle besikers en de minsken dy’t it mooglik makke ha. En net trochriden binne.
Hindert neat Ferdinand. Ingelsk is in dialekt fan it Frysk no!
It dak fan de wrâld haw ik fan jo lêzen. In nijsgjirrich reisferslach.
Mar no moat ik wer dwaande mei it lêsferslach oer dit E-boek. Wy besprekke it dizze wike yn ús lêsgroep.
Mar in boek fan jo mei sa’n soad Ingelsk sil ik net mei nocht lêze.