Andries Miedema

Willem Kloos: ‘Ik denk altoos aan u, als aan die droomen,’

logo.ensafh

I.

Ik denk altoos aan u, als aan die droomen,
Waarin, een ganschen, langen zaalgen nacht,
Een nooit gezien gelaat ons tegenlacht,
Zóó onuitspreek’lijk lief, dat bij het doomen

Des bleeken uchtends, nog de tranen stroomen
Uit halfgelokene oogen, tot we ons zacht
En zwijgend heffen met de stille klacht,
Dat schoone droomen niet weerommekomen…

Want álles ligt in eeuw’gen slaap bevangen,
In de’ eeuw’gen nacht, waarop geen morgen daagt –

En héel dit leven is een wond’re, bange,
Ontzétbre dróom, dien eens de nacht weêr vaagt –

Maar in dien droom een droom, vol licht en zangen,
Mijn droom, zoo zoet begroet, zoo zacht beklaagd…

Willem Kloos

I.

Ik tink altyd oan jo, as oan dy dreamen,
dêryn, in gânse, lange sillige nacht,
in nea sjoen antlit leaflik, ûnferwacht’
ús talaket, sá leaf dat by it steamen

fan bleke moarnsmist noch de triennen streame
út healfersletten’ eagen oant, út ûnmacht’,
wy swijend opstean mei de stille klacht,
dat moaie dreamen har net wer beneame…

Want álles sil de ivige sliep befange,
yn ‘e ivige nacht, dêrnei it moarns net daget –

en hiel dit libben is in wûndere, bange
ûntsette dream, dat ea de nacht fuort faget –

Mar yn dy dream in dream fol ljocht en sangen,
myn dream, sa swiet begroete, sêft beklage …

Oerset: Andries Miedema