Beart Oosterhaven

It hert iepen foar NNB

logo.ensafh

Oer in skoftsje kom ik op dit plak mei in artikel oer ‘The State of the Art’ wat de Frysktalige lichte muzyk anno 2014 oanbelanget. Ien grut ljochtpunt wol ik it no alfêst oer hawwe: de groep NNB fan Dronryp. Okkerdeis ferskynde it tredde album fan dy noch altyd jonge band: Tekene foar it Libben.

Fiifpersoans plus gasten
Dat is alwer de tredde folweardige cd fan NNB. Earder kamen út: Rock & Beuke! (2009) en Bjusterbaarlik hurd (2012). NNB is yndertiid begûn as trio, besteande út: Wilco Kingma (gitaar, banjo, mandoline, sang), Gosse Pieter de Vries (bas, sang) en Brend Kingma (drums), mar spilet no as fiifpersoansformaasje, om’t ek toetseniste/tinwistle-spylster Sarina Kingma en snarepoender Pieter Hoekstra in plak yn ’e besetting krigen hawwe. En dan dogge op Tekene foar it Libben de doedelsekfirtuoas Fred Bronius fan ’e folkband Scrum en lûkpûdeman ‘Shanty Kees’ Sytema ek noch mei as gastmuzikanten.
NNB makket al sa’n fiif jier muzyk yn ’e tradysje fan ’e hurde, mar steefêst melodieuze, bands dy’t yn ’e njoggentiger jierren by de skateboarders op harren halfpipes yn hiel Europa populêr wiene, lykas Loophole, Bad Religion, Dead Kennedys, J.B.O., Pennywise en Blink 182. Sûnt it foarlêste album Bjusterbaarlik hurd docht NNB lykwols hieltyd mear (Ierske) folk yn syn lûd en komt dan út yn it farwetter fan sokken as de Dropkick Murphys út Boston.
Op Tekene foar it Libben wurdt mei it nûmer ‘De rôt’ sels in stik fan dy Dropkick Murphys covere! Al binne de (Fryske) wurden dan wol wer fan NNB as kollektyf.

Wille en enerzjy
Dat lêste jildt ek foar de tolve alhielendal eigen nûmers op it album; dy binne allegear yn ’e mande skreaun. Om it tal fan fjirtjin stikken folslein te meitsjen, en grif om airplay mei te generearjen yn it programma Radio Froskepôle fan Omrop Fryslân-ikoan Gurbe Douwstra, hat NNB dy syn tophit ‘Cliffs of Moher’ in oansteklik eigen jaske oanlutsen.
Oan alles op Tekene foar it Libben is te fernimmen, dat de skiif mei in soad wille en enerzjy makke is. It is winlik ien en al fleurichheid, dat derop te hearren is. Krekt as op Bjusterbaarlik hurd bringt NNB no ek wer in pear lofsangen. Diskear op bygelyks it plak fan komôf, dat op ’e klaai fan it Fryske plattelân leit (‘Tsjoch op’); op ‘ús moaie Fryske lân’ sels (‘Gean stean’); op it fenomeen (tinte)feest (‘Feest’) en op ’e âlde Skotske helt ‘Sir William’.
NNB hat tekstynhâldlik lykwols ek ympresjonistyske (‘Winterdei’) en engazjearre/maatskippij-krityske kanten. Foaral dat lêste aspekt makket, dat NNB der útspringt neffens gâns bands dy’t op ’t stuit mei Frysktalich repertoire op ’en paad binne. By frijwat fan dy groepen is de tekstuele koeke nei it fertolkjen fan ’e obligate leafdeslietsjes wol sawat op. Dat is by NNB út noch yn nét it gefal! De hearen en dame fan NNB litte harren nammentlik ek út oer de haves and have nots yn ús maatskippij (‘Neat yn ’e sek’), it lânsregear dat fan alles ûnthjit, mar neat wiermakket (‘Regearing’) en oer it militarisme. Dat lêste bart yn it nûmer ‘Altyd Salút’, dêr’t in oarlochsfeteraan sintraal yn stiet. Dy persoan tinkt dat er sizzenskip hat oer de gong fan syn libben, mar dat is skyn. ‘Altyd Salút’ is winlik in oanklacht tsjin ’e machthawwers dy’t sokke soldaten hieltyd mar wer nei in front stjoere. De NNB’ers ferwurdzje harren betinken datoangeande sa:

[…]
it befel naam er oan en dat fierde er út.
Hy hie der nea oan twivele:
Altyd Salút.

[…]
Troch it gefjocht en troch it fjoer,
mar hy kaam thús, faak oerstjoer.

[…]
De lêste kûgel makke in protte skea.
[…]
De ien’ dy stjert sa tidens it fjoer,
de oar’ komt thús, mar betellet it djoer.
De regearing soarget sa foar in protte skea,
want ás se thúskomme, dan kinn’ se net mear!

[…]
Se ha syn libben sa ôfnaam.
Hy koe der neat oan dwaan;
’t is him oerkaam!

Dat de NNB’ers yn harren lietteksten wolris deun tsjin ’e net al te geve sprektaal oansitte en stilistysk bytiden stekjes falle litte (lykas hjirboppe it te faak brûken fan it wurdsje ‘sa’), mei har, wat my oanbelanget, om harren jeugdigens ferjûn wurde.

Goed beslút
Muzikaal is it allegear treflik foarinoar op Tekene foar it Libben. It hjirboppe al neamde útwreidzjen fan ’e besetting fan NNB mei in twadde gitarist (Pieter Hoekstra) en in toetseniste/ tinwistle-spylster (Sarina Kingma), hat in goed beslút west. Net allinne foar it meitsjen fan dizze tredde album-cd, mar ek foar de live-optredens. NNB hat no net allinne in prachtich ‘plaatsje’ op it poadium, mar foaral in fantastyske live-sound, dêr’t mannich band yn Nederlân in puntsje oan sûge kin. NNB wie om dy reden foar my op ôfstân de bêste act op Aaipop 2014, peaskemoandei 21 april yn Nijlân.

It sil dúdlik wêze: myn hert is hielendal iepengien foar it entûsjasme en it jonge fakmanskip fan bassist Gosse Pieter de Vries – dy’t Tekene foar it Libben ek nochris eigenhannich en treflik produsearre hat – en syn bandmaten fan NNB!

NNB: Tekene foar it Libben (cd); Eigen behear; Dronryp 2014; www.bandnnb.nl

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *