
De Douwe Tammingapriis wurdt takom jier net útrikt. Dat hat it bestjoer fan it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum besletten. Doel wie om de priis dit kear út te rikken oan in debutant mei in dichtbondel, mar der wienen gjin nije dichters.
De Douwe Tammingapriis is ferline jier yn it libben roppen om nij Frysk skriuwtalint te stimulearjen. Dit foarjier gong de priis nei Ale S. van Zandbergen, foar syn roman Littenser Merke. De Douwe Tammingapriis bliuwt wol bestean. Wol wurdt der noch bepraat oft de opset feroare wurde moat.