
Desiderius hâldt de siken yn. De trein hat wylst aardich faasje mindere. Hy moat derút ear’t se him yn ’e kraach fetsje. Hy slacht mei in boartersguodpistoal it rút yn, faget de glêsdiggels út ’e sponning. Allegear stedsljocht blikkert him temjitte, de treasteleaze wenkazernes fan Rotterdam Alexander. Efter him heart er kaaien, gerattel. Hy sit al op ’e râne, ree en spring, as in knûstige hân him by it nekfel kriget:
– Ik soe it net dwaan as ik jo wie.
Seit in swiere stim. Hy sjocht efterom yn it antlit fan in bear fan in fint. Sil er him yn ’e earm bite en ûntsnappe? Mar de kondukteur makket mei syn ûnfersteurbere kalmte yndruk op him. It is in grouwe bear mei swart krultsjehier en in walrussnor.
– Wêrom net?
Seit er obsternaat. SWOESJ. Dêr wurde de skonken him hast ôfskeard troch in goederetrein dy’t mei in protte trelit foarby dinderet. Hastich klimt Desiderius no binnenboard.
– Dêrom net.
En hy ferfettet.
– Jo moasten mar efkes meikomme.
Desiderius lit him meifiere as it makke skiep dat er is.
De trein stopt efkes op Alexander. De kondukteur bellet efkes mei syn mobyl. Desiderius hat alle ferset opjûn. De kondukteur sprekt yn ’e mobyl:
– Ha Thomas, ik ha hjir wer in 34, ja, sjocht derút as in lucky 7, kinne wy miskien wat winst op meitsje. … Ja …. Stiest klear?
Sintraal ja. Ok.
Dan ride se fierder nei Centraal. De kondukteur hat him stevich by de earm beet. Op Centraal stappe se út. Dêr stiet in meagere man yn in lange reinjas te wachtsjen, in sigret yn ’e holle. De mannen fiere Desiderius mei. De kondukteur seit
– Thomas hast dat heard fan dat akkefytsje fan Jan en Agnes?
– Nee hoe dat?
– Agnes hie in groep wanbetellers, lieken gewoane jonkjes. Se soe se op ’e bon slingerje. Se smieten har op ’e grûn en skopten har twa ribben stikken. Goed, Jan dy sjocht dat. Hy feecht deryn om Agnes te ûntsetten, hy lûkt se oan it hier en jout se in tik.
– Nee wol ju.
– Ja, mar dy ferrekkelingen tsjinje in oanklacht yn fanwege mishanneling, en no ha se Jan earst skorst en doe ûntslein. En Agnes sit noch altyd thús mei stikkene ribben.
– Ferrekkelingen.
– Dy jonges?
– Nee, ús bazen.
– Ja, se kinne deafalle.
Swijend nei safolle ûnrjocht, net beseffende dat geweld altyd mar dan ek altyd ferkeard is, begeliede se Desiderius nei in keal keammerke. It is in oerliskeammerke achter de personielskantine foar treinpersoniel. It kofjebuffet is sletten en der hingje plakkaten dy’t reklame meitsje foar it kondukteursfak. Op ’e holle fan ien fan ’e frisse reklamekondukteurs hat immen in Hitlersnorke tekene.
De mannen sette har oan in tafeltsje del, noegje Desiderius om ek sitten te gean.
– Wolst ek kofje?
Freget kondukteur Walrus.
– No graach.
Jout Desiderius antwurd, dy’t syn petearpartners graach geunstich stimme wol troch har geskinken te akseptearjen. As wiene it fredesjeften, wat it ek binne fansels.
De oar begjint te praten.
– Jo reizgjen sûnder kaartje en jo ha in rútsje fan ien fan ús skoandere treinen ynslein.
Wylst de iene kondukteur de lytse ynvintaris fan Desiderius syn misdieden opmakket, set de oar in bakje kofje en sels in fulkoeke foar him del. Desi begjint yn ’e fulkoeke om te haffeljen en nimt in slokje fan ’e gleone automatekofje. De man yn ’e reinjas ferfettet.
– Fansels kinne wy jo oan de plysjes oerdrage. Dan moatte wy twa oeren lang wachtsje want se binne ûnderbeset dêre en leau mar dat se it drok ha op freedtenacht. En dan moatte we noch in oere lang formelieren ynfolje. Dan moatte wy foar de NS rapport opmeitsje en dat betsjut wer in oerke oan it papierwurk. Mar der is in oare mooglikheid. Binne jo ynteressearre?
– Jawis!
It sjit derút. Hy rûkt dat him in iepening bean wurdt, al wit er noch net wêrhinne. Licht moat er syn Rotterdamske plannen opjaan, mar faaks is er doch al in pear jier te let oankommen dêr foar Aventuer yn ’e grutte smjuntestijl dy’t syn langst en syn libben is. De oare kondukteur, in al wat krebintige man, fjurret no omraak fragen op him ôf. Oft er yn militêre tsjinst west hie …