Piter Boersma

it blêd

logo.ensafh

ik wurd al brún oan ’e râne
noch in stoarm en ik lis ek
nei de hurde wyn ferline wike
like it op ’e grûn wol hjerst
in els rûgelet omraak
sa fol yn ’t blêd lykwols
kin er ek rij wêze
foar my is it in griis
sa lang hingje ik noch net

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *