
It oanfolle argyf fan Henk Wolf oer de foarnommen staveringswiziging befettet 113 artikels en is al lang net mear up to date want der binne nei heal oktober al wer in stikmannich nije stikken oer de stavering en standert bykommen. Mar yn it hiele argyf, noch yn de neikommen post dy’t my berikte, komt it kaaiwurd ‘nasjonalisme’ nei foaren. Dat is apart want de bân fan taal en nasjonalisme is histoarysk. Taal hat altyd de kearn foarme fan it nasjonalistyske stribben. Dizze histoaryske dei, want it is 25 jier lyn dat West- en East-Dútslân wer byinoar kamen, noeget út om dêr wat oer te sizzen. Fansels sjogge wy de fal fan muorre & gerdyn as fiktoarje fan de frijheid; dat is it ek. Mar tagelyk wie it in oerwinning fan it nei-oarlochse Dútske nasjonalisme dat East- en West-Dútslân foarstelde as in ‘Sprachnation’, op gelikense wize as dat it nasjonaalsosjalisme it folk seach as in ienheid ferbûn troch taal.
Lês fierder by Friduwih Riemersma op de side fan de Moanne.